Minnistetsjerke (Terherne)

De Minnistetsjerke is in tsjerkegebou yn Terherne, gemeente De Fryske Marren, yn de provinsje Fryslân.

Minnistetsjerke (Terherne)
bouwurk
lokaasje
Gemeente De Fryske Marren
plak Terherne
adres Buorren 35
bysûnderheden
arsjitekt A. Breunissen Troost
boustyl Eklektysk
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 514877
oare ynformaasje
kapasiteit 200 sitplakken

De fermanje waard boud nei ûntwerp fan arsjitekt Albert Breunissen Troost yn eklektyske boustyl, beynfloede troch de Ingelske neogotyk. De earste stien waard lein op 12 septimber 1864. De sydgevels hawwe lisenen mei profilearre natuerstiennen bekroaningen. De needgevel hat in pleistere boarstwarring mei in bakstiennen wetterslach. De rútiepeningen hawwe allegear finsters fan getten izer mei in tudorbôge. It tsjerketerrein wurdt omjûn troch in monumintaal stek dat levere waard troch de firma Sterckman yn 1865. De tsjerke is in ryksmonumint, de kosterswenning net.

De kânsel is oan 'e westkant. De tsjerke krige earst yn 1907 in oargel fan Maarschalkerweerd & Zoon. It waard yn 1940 ferfongen troch in oargel út 1917 fan de firma Standaart dat ôfkomstich wie út de tsjerke fan Hidaard. It gebou hat sûnt 2008 gjin tsjerkefunksje mear. It is yn gebrûk as winkel.

Der stiet in tinkteken út 1922 foar de tsjerke ta eare fan de minnistepredikant H.G. Dornseiffen († 1922).

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: