Miserikordes (Latyn: misericordia = 'barmhertigens') binne klossefoarmige steuntsjes ûnder útklapbere koarbankjes yn 'e tsjerke. De steunklossen sitte bygelyks oan de ûnderkant fan de tsjerkebankjes yn de Martinitsjerke te Boalsert. Se wurde brûkt sûnt de 13e iuw dêr't de geastliken heal steande tsjinoan lynje koene. Miserikordes binne faak fersierd.

In misericorde út de Munstertsjerke fan Ulm

Literatuer bewurkje seksje

  • Haslinghuis, E.J. en Janse, H. (2005) Bouwkundige termen. Leien: Primavera Pers. ISBN 90 5997 033 0.
  • jhr dr J.S. Witsen Elias, Koorbanken, koorhekken en kansels, Contact Amsterdam, 1946

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: