Moai Skyld (Ingelsk: Pretty Shield; yn Montana, 1856 – yn it Krieë Yndianereservaat (Montana), 1944) wie in medisynfrou fan 'e Krieën (Crow), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Har libbensferhaal waard optekene troch auteur Frank B. Linderman, dy't har ynterviewde fia in tolk en mei gebrûk fan gebeartetaal. It resultearjende wurk, Pretty-Shield: Medicine Woman of the Crows, wie mooglik it earste detaillearre ferslach fan in froulik Yndiaansk libben.

Moai Skyld
persoanlike bysûnderheden
oare namme Pretty Shield
nasjonaliteit Kriesk
Amerikaansk
berne 1856
berteplak yn Montana
stoarn 1944
stjerplak yn it Krieë Reservaat (Montana)
etnisiteit Kriesk
wurkpaad
aktyf as medisynfrou

Libben bewurkje seksje

Moai Skyld waard yn 1856 berne yn wat letter de Amerikaanske steat Montana wurde soe, as de fjirde fan alve bern yn it gesin fan 'e Krieske kriger Deadet-by-Nacht en dy syn frou Mâle Skoansuster. Hja krige har namme fan har pake, dy't har ferneamde nei syn ornamintele oarlochsskyld; dat waard beskôge as in grutte ear. Moai Skyld hie in gelokkige jonkheid. Letter soe se de bernespultsjes beskriuwe dy't sysels en de oare bern boarten mei in learene bal dy't opfolle wie mei gaffelantilopehier.

Doe't se sân jier wie, waard se oanfallen troch in mâle bizonbolle. Yn har haast om te ûntkommen, stroffele en foel se, wêrby't se op in tûke delkaam dy't in wûne yn har foarholle en by ien each lâns makke. Dat foarfal liet in bliuwende groede nei. Mei fjirtjin jier waarden Moai Skyld en guon kammeraatskes in kear in beam ynjage troch in grizzlybear. Nei eigen sizzen bleau de oanblik fan 'e eagen fan 'e bear wylst er nei har omheech seach, har har hiele libben by.

Mei sechstjin jier troude Moai Skyld mei de kriger Giet-Foarút, fan wa't se de twadde frou waard om't er al troud wie mei in âldere suster fan har. Giet-Foarút soe letter in beskate bekendheid winne trochdat er ûnder de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 as ferkenner tsjinst naam yn it Amerikaanske Leger en yn dy hoedanichheid oanwêzich wie en oan 'e Amerikaanske kant meifocht yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, op 25 juny 1876, wêrby't it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in swiere nederlaach litte tsjin in koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho.

Moai Skyld en Giet-Foarút krigen sân bern, wêrûnder fjouwer famkes en trije jonges. Ien famke en ien jonkje stoaren lykwols koart nei de berte. Neffens de gewoanten fan har folk knipte Moai Skyld nei dat barren as teken fan rou har lange hier ôf en makke mei in mês sneden yn har earms, skonken en antlit. Dêrnei doarme se sûnder iten of drinken om oant de pine wat belune. Yn dy tastân krige Moai Skyld in fizioen fan in frou dy't har nei in eameldersnêst ta brocht. De frou fertelde har dat se medisynfrou wurde moast, en dat se de rânen fan it nêst oanharkje moast en dan in winsk dwaan. Dêrop die Moai Skyld wat har sein waard en frege om lok en in goed libben. Neitiid naam hja de eamelders foar har geastegids oan.

As medisynfrou behannele Moai Skyld de sykten fan leden fan har folk mei tradisjonele genêswizen en medisinale planten. Teffens hie se de rol fan riejouster. Sa't mank de Krieën wizânsje wie, waard se foar har tsjinsten net yn jild betelle, mar yn geskinken, lykas tabak, wapitytosken, klean fan bizonhûd en iten. Troch it ferstjerren fan Giet-Foarút waard Moai Skyld yn 1919 widdo. Hja wie nau belutsen by it grutbringen fan har njoggen beppesizzers. Yn 1944 kaam Moai Skyld sels te ferstjerren, yn 'e âlderdom fan 88 jier.

Biografy bewurkje seksje

Foar har dea waard hja fia in tolk en mei gebrûk fan gebeartetaal ynterviewd troch de Amerikaanske auteur Frank B. Linderman, dy't oan 'e hân dêrfan har libbensferhaal optekene en yn 1932 publisearre ûnder de titel Red Mother. Mooglik wie dat it earste detaillearre ferslach fan in froulik Yndiaansk libben dat ea yn boekfoarm ferskynde. It wurk waard yn 2003 werútjûn troch de Universiteit fan Nebraska ûnder de titel Pretty-Shield: Medicine Woman of the Crows, mei in wurd foarôf dat skreaun wie troch Moai Skyld har beppesizzer Alma Hogan Snell. Moai Skyld har ferhaal waard ek ferteld yn 'e dokumintêre Native Spirit and the Sundance Way, út 2007.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.