Moerom (Russysk: Муром) is in stêd yn Ruslân. De stêd leit yn it oblast Vladimir en hie yn 2018 likernôch 109.000 ynwenners.

Moerom
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Vladimir
Sifers
Ynwennertal 109.072 (2017)
Oerflak 43,78 km²
Befolkingstichtens 2.491.37 / km²
Stêdekloft
Hichte 115 m
Oar
Stifting 862 (earste fermelding)
Simmertiid (UTC+3)
Webside Side fan Moerom

It is ien fan de âldste stêden fan Ruslân. De stêd leit oan de kant fan de Oka op likernôch 135 kilometer fan de stêd Vladimir oan de grins mei it oblast Nizjni Novgorod. As ûnderdiel fan de Gouden Ring fan Ruslân foarmet toerisme in wichtige boarne fan ynkommen.

Skiednis bewurkje seksje

Skriftlike bewizen fan it bestean fan de stêd geane werom op it jier 862. De namme stamt fan de Finsk-Ugryske stamme fan de Muroma, dy't it gebiet fan it hjoeddeiske Moerom yn de 6e iuw bewenne. Fanôf de 10e iuw makke Moerom diel út fan it Kiëvske Ryk. De geunstige lizzing oan de Oka brocht it plak al gau in soad hannel. Yn dy tiid waard oan de kant fan de rivier ek in kremlyn oanlein, in fan houten muorren mei alve tuorren omfieme fêsting. It kremlyn bleau oant it ein fan de 18 iuw bestean, doe't it yn opdracht fan Katarina de Grutte sloopt waard.

 
Stasjon fan Moerom

Yn 1239 dienen de troepen fan Batû Khan de stêd oan. Moerom waard ferneatige en yn 'e brân stutsen en ferdwûn foar in skoft út de russyske kroniken.

Moerom wurdt dan foar it earst wer neamd yn 1351 yn ferbân mei de lêste prins fan Moerom, Joeri Jaroslavitsj, dy't yn 1355 troch Fedor Glebovitsj ôfset wurdt. Sûnt 1393 waard Moerom by it grutfoarstendom Moskou foege, nei't grutfoarst Vasili I it Prinsdom Moerom anneksearre. Under tsaar Ivan de Ferskriklike, dy't yn it midden fan de 16e iuw syn troepen yn Moerom garre foar in fjildtocht tsjin Kazan, waarden yn Moerom ferskate tsjerken boud, dy't ek tsjintwurdich nog besteane. Dêrûnder de yn 1553 boude (en yn de jierren 1650 folslein ferboude) Ferkundigingskatedraal, dy't de tsaar troch boumasters út Moskou ta oantinken oan de oerwinning op it kanaat Kazan bouwe liet. Ut deselde tiid datearret de troch boumasters út Pskov boude Kosmas- en Damianustsjerke.

Lykas in soad oare stêden om Vladimir hinne waard oan it begjin fan de 17e iuw Moerom by in Poalsk-Litouske oanfal slim fernield. Pas yn it midden fan de iuw slagge it de stêd om wat by te kommen fan de slach en de skeinde bouwurken wer op te bouwen. Der kamen noch wat kleasters by en ek fabriken, lykas lear- en metaalferwurkingsfabriken en in wapenfabryk, dy't yn it ryk aardich namme krige. Hjoeddedei binne fan dy fabryk noch spesjaal foar de tsaar makke wapens yn de Wapenkeamer te sjen fan it Moskouse kremlyn. Tagelyk bloeide tanksij de ferbining mei de Wolga ek de hannel op 'e wer op yn Moerom.

Tsjin it ein fan de 18e iuw telde Moerom meiïnoar 552 gebouwen, 18 stiennen en 16 houten tsjerken foar likernôch 2.750 ynwenners.

Katerina de Grutte liet foar Moerom, dat yn 1778 stedsrjochten krige, in plan meitsje om de stêd yn klassisistyske styl wer yn te rjochtsen. In diel fan dy plannen waard yn de folgjende dessinia ek útfierd en dy gebouwen hearre njonken de midsiuwske tsjerken ta de bekendste monuminten fan de stêd. Dêrûnder is in wettertoer en de gebouwen fan de merk.

1912 brocht Moerom op 'e nij in ekonomyske ympuls troch de spoarferbining fan Moskou nei Nizjni Novgorod. De arsjitekt wie Aleksei Sjtsjûsev, dy't ek in pear oare bekende stasjons yn Ruslân (lykas it Kazaner stasjon yn Moskou) ûntwurp.

 
Sint-Nikolaastsjerke (1700-1714)
 
Brêge oer de Oka-rivier

Yn de twadde helte fan de 20e iuw waarden oan de arsjitektonyske rykdom fan de stêd noch in pear gebouwen tafoege. It bekendste is wol it Stedsteäter út 1962, wêrfan't de arsjitektuer ynspirearre is op de âldrussyske boukeunst en it histoaryske karakter fan de stêd goed oanfollet. Dêrfoaroer waard yn de tiid fan de Sovjet-Uny de monumintale Bogoroditsa-katedraal (Katedraal fan de Berte fan Marije) ôfbrutsen. Om't it net mear mooglik is de katedraal te rekonstruëarjen op it histoaryske plak, hat de gemeente Moerom de Russysk-Otterdokse Tsjerke in lape grûn jûn foar de bou fan in nije katedraal bûten it sintrum. Foar de nije katedraal lei patriarch Kirill yn 2018 de earste stien.[1]

Befolkingsûntwikkeling bewurkje seksje

Jier Ynwennertal
1897 13.271
1939 40.079
1959 71.567
1970 98.839
1979 114.270
1989 124.229
2002 126.901
2010 116.075
2018 109.072

It besjen wurdich bewurkje seksje

  • De Kosmas- en Damianustsjerke (16e iuw)
  • Ferkundigingskatedraal (1553)
  • Trije-ienheidskleaster (17e iuw)
  • Opstanningskleaster (1650e)
  • Nikolaastsjerke (1700)
  • Himelfeartsjerke (1729)
  • Klassisistyske gebouwen út de 18e oan de 19e iuw (û.o. wettertoer en sintrale merk)
  • Monumint foar de kriichsridder Ilja Moeromets, dy't yn de omkriten fan Moerom berne is
  • Keunsthistoarysk Museum
  • It Zworykin-Hûs (1840; tsjintwurdich streekmuseum)
  • Stasjon (1912)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Murom