Moffen is in lyts eilân jusjes boppe de 80e breedtegraad, oan de noardkant fan it eilân Spitsbergen. It leit yn de mûning fan de Wijdefjord. It eilân is flak en komt net boppe de twa meter út. Dat seesûchdieren kinne der maklik opkomme. It eilân is beskerme, om't it ien fan de meast wichtige rêstplakken foar walrussen is. Fan 15 maaie oant 15 augustus meie skippen net yn in straal fan 300 meter fan it eilân komme.

Walrussen op Moffen

It eilân komt foar it earst foar op in kaart makke troch Hendrick Doncker, yn 1655.

It eilân beheart ta it Moffen-natuerreservaat dat part is fan it nasjonale park noardwest-Spitsbergen.