Moordvrouw is in Nederlânske plysjerige dy't him ôfspilet yn Ljouwert en wurdt sûnt 20 jannewaris 2012 útsjoerd troch RTL 4. De titel referearret oan haadpersoan Fenna Kremer, spile troch Wendy van Dijk. Seizoen 4 sil maitiid fan 2015 op it skerm ferskine. De rige wurdt yn Belgje útstjoerd troch de Flaamske stjoerder Vtm.[1][2]

Produksje bewurkje seksje

Nei it stopjen fan Baantjer en it súkses fan Flikken Maastricht besleaten Endemol en RTL 4 in plysjerige te meitsjen mei deselde ynfalshoek, allinnich soene se dan net it suden opsykje mar it noarden. Uiteinlik waard Fryslân keazen, want Endemol krige Fryslân Marketing as sponsor.[3]

Nei it twadde seizoen spilet de searje net dúdlik mear yn Fryslân. Wêr't it him dan wol ôfspilet wurdt yn 'e midden litten.

Gearfetting bewurkje seksje

Wendy van Dijk spilet resjersjeur Fenna Kremer dy't nei in traumatysk barren oerpleatst is nei in plysjeburo yn Ljouwert. Har oanpak is oars, ûnotterdoks en konfrontearjend foar it hiele team. Mar Fenna hat it fertrouwen fan kommissaris Vreeswijk (Renée Soutendijk), dy't wol dat de resjersjeurs in manier fine om mei elkoar gear te wurkjen. Soks is makliker sein as dien mei de stûfe Evert (Thijs Römer) en de jonge Bram (Achmed Akkabi) - de iene is frijwat kritysk op har manier fan wurkjen en de oare hat de grutste muoite om Fenna te folgjen. Mar hoe lestich guon kollega's har wurkwize ek fine: it wurket. Yn tsien ôfleveringen is te sjen wat it resjerzjeteam meimakket. Mei ûnder oare rollen fan Chava Voor in 't Holt (Simone Blok) en Porgy Franssen (Menno de Waard).

Haadpersoanen bewurkje seksje

Akteur Persoonaazje Funksje Seizoen
1 2 3 4
Wendy van Dijk Fenna Kremer Ynspekteur, senior resjersjeur Haadrol
Renée Soutendijk Carla Vreeswijk Teamsjef, haadkommissaris Haadrol
Thijs Römer Evert Numan Ynspekteur, taktysk resjersjeur Haadrol
Porgy Franssen Menno de Waard Plysjepsycholooch, beliedsadviseur Haadrol
Achmed Akkabi Bram Amezian Haadplysje Haadrol
Chava Voor in 't Holt Simone Blok Technysk resjersjeur en analiste Haadrol
Fockeline Ouwerkerk Liselotte van Kempen Technysk resjersjeur en analiste Haadrol

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. RTL-hit Moordvrouw verkocht aan België, Zappen, 25 jannewaris 2012
  2. Moordvrouw verkocht aan Vlaanderen, Mediacourant, 25 jannewaris 2012
  3. Nieuwe politieserie in Friesland, Zappen, 10 juny 2009