Mr. Popper's Penguins (film)

film út 2011 fan Mark Waters

Mr. Popper's Penguins is in Amerikaanske komeedzjefilm of romantyske komeedzje (ôfhinklik fan hoe't men it besjocht) út 2011 ûnder rezjy fan Mark Waters, mei yn 'e haadrollen Jim Carrey en Carla Gugino. De titel betsjut "De Pinguïns fan Dhr. Popper". De film is loskes basearre op it berneboek mei deselde namme út 1938. It ferhaal giet oer de ûnmeilydsume sakeman Tom Popper, dy't troch in nuveraardige gearrin fan omstannichheden mei seis pinguïns opskipe rekket. Troch de bisten kriget er in nije bân mei syn fan him ferfrjemde bern en wurdt teffens syn relaasje mei syn eks-frou wer nij libben ynblaasd. Mr. Popper's Penguins krige lauwe resinsjes fan 'e filmkritisy, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in beskieden kommersjeel súkses.

Mr. Popper's Penguins
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Mark Waters
produsint John Davis
senario Sean Anders
John Morris
Jared Stern
basearre op it berneboek fan Richard
   en Florence Atwater
kamerarezjy Florian Ballhaus
muzyk Rolfe Kent
filmstudio Davis Entertainment
Dune Entertainment
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Jim Carrey
Carla Gugino
Madeline Carroll
Maxwell Perry Cotton
byrollen Ophelia Lovibond
Clark Gregg
Angela Lansbury
Desmin Borges
David Krumholtz
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 17 juny 2011
foarm langspylfilm
sjenre (romantyske) komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 94 minuten
budget en resultaten
budget $55 miljoen
opbringst $187,3 miljoen

Plot bewurkje seksje

Tom Popper is yn 'e 1970-er jierren in bern waans heit allegeduerigen de wrâld yn 't rûn reizget. Hy sjocht him mar komselden en kommunisearret foar it meastepart mei him fia de koarte-weachradio. Sels syn measte jierdeis mist syn heit, om't er gauris wichtiger dingen oan 'e holle hat.

Tritich jier letter is Tom Popper in ûndernimmer yn 'e ûnreplik-goedsektor yn New York en in skieden heit fan twa bern. Bystien troch syn assistinte Pippi Pepenopolis is er alhiel ûnmeilydsum yn syn wurk, wat him grut súkses jout, sadat er gadingmakker is op in partnerskip yn 'e firma dêr't by yn 'e tsjinst is. Ear't dat syn beslach krije kin, moat er lykwols noch ien opdracht ta in goede ein bringe: it opkeapjen fan 'e Tavern on the Green, in horekagelegenheid dy't it iennichste diel fan Central Park beslacht dat privee-eigendom is. Dat komt Popper wat op it gefoel, mei't syn heit him eartiids op 'e seldsume kearen dat er thús wie, altyd meinaam nei de Tavern on the Green. Mar hy stoppet syn gefoelens fuort ûnder syn profesjonaliteit en besiket it restaurant te keapjen fan 'e ûnwillige âlde dame Selma Van Gundy. Dy wol lykwols inkeld ferkeapje oan 'in persoan fan wearde', in omskriuwing dêr't Popper neat mei kin.

Underwilens kriget Popper it berjocht dat syn heit yn Antarktika ferstoarn is. It nijs docht him net folle, mei't er folslein fan 'e man ferfrjemde rekke is. De notaris warskôget him dat syn heit him wat neilitten hat dat er mei koarten ferwachtsje kin, dat as der op in stuit in grutte kiste foar de doar fan syn appartemint stiet, begrypt er dat dy fan syn heit komt. Yn 'e kiste, dy't in djipfriesienheid blykt te wêzen, sit in pinguïn. Popper mient earst dat it bist opset is, mar as er him út 'e kiste hellet, begjint er al rillegau te ûntteien en komt er ta libben. De pinguïn, dy't er de namme 'Kaptein' jout, begjint daliks Popper syn appartemint ôf te brekken, dat hy set it bist finzen yn 'e badkeamer en sil nei it wurk ta as er him oan 'e kiste stompt. Troch de klap dwarlet in begeliedend skriuwen fan syn heit ûnder in kaste, dêr't er it net sjocht.

Wylst Popper op syn wurk is, ûntdekt Kaptein yn 'e badkeamer de kraan. As Popper oan 'e ein fan 'e dei thúskomt en sûnder euvelmoed de badkeamerdoar iependocht, wurdt er fuortspield troch in ûnbidige wetterstream dy't syn hiele appartemint splis set. Ta oermjitte fan ramp skyt Kaptein him ek noch yn it gesicht. Popper skillet it bedriuw op dat ferantwurdlik is foar it ferpakken en ferstjoeren fan 'e pinguïn, mar hy kriget ien oan 'e tillefoan dy't amper Ingelsk ferstiet, dat der ûntstiet miskommunikaasje, ek al om't Popper sels ûnder it petear ôflaat wurdt troch Kaptein. Fan gefolgen stiet der in pear dagen letter wer in kiste by him foar de doar. Hy mient earst noch dat dy bedoeld is om Kaptein yn werom te stjoeren, mar it docht bliken dat der nochris fiif pinguïns yn sitte, dy't er nei harren meast opfallende eigenskippen Levenmakker, Biter, Stjonkert, Oankrûper en Suffert neamt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Popper besiket op alderhanne manearen fan 'e bisten ôf te kommen, û.m. troch de gemeentlike ûngediertebestriding yn te setten. (It docht bliken dat pinguïns net yn it reglemint neamd wurde, dat de ûngediertebestrider kin him net helpe.) Syn rie te'nein skillet er úteinlik de dieretún op, dy't de ûnsympatike oppasser Nat Jones stjoert. Underwilens komt Popper syn eks-frou Amanda mei harren bern Janie en Billy del. It is Billy syn jierdei en as er de pinguïns sjocht, nimt de jonge daliks oan dat dy syn jierdeiskado binne (eins is Popper fergetten in jierdeiskado te keapjen). As Jones letter oan 'e doar komt om 'e pinguïns op te heljen, moat Popper him útlizze dat er de bisten no net mear kwyt kin. Jones nimt dêr gjin genoegen mei, om't pinguïns gjin húsdieren binne en net yn in New Yorksk appartemint hearre. Datselde fynt ek Kent, de foarsitter fan 'e feriening fan eigners, dy't gjin húsdieren yn it appartemintekompleks tastiet. Popper moat sjen om beide mannen bûtendoar te hâlden, wylst er Daryl, de portier, omkeapet.

Popper wol noch hieltyd graach fan 'e pinguïns ôf, mar inkeld noch op in wize dat Billy him der skuld net fan jaan kin. Dat, hy nimt de bisten mei nei it park yn 'e hope dat se útnaaie sille. De pinguïns hawwe har lykwols op him ynprinte, en folgje him oeral dêr't er giet. Dat liedt ta gaos yn it Guggenheim Museum (dêr't Popper op 'e nij frou Van Gundy ta ferkeap fan 'e Tavern on the Green besiket te bepraten) as de pinguïns út it appartemint ûntsnappe en syn spoar nei it museum ta folgje.

Meitiid begjint Popper lykwols stadichoan om 'e pinguïns te jaan, eat dat safier giet dat er de winterske kjeld yn syn appartemint lit oant oeral in tsjûke laach snie leit, om't dat better foar de fûgels is. De bisten soargje ek foar in nauwere bân mei syn fan him ferfrjemde bern, dy't der om 'e fûgels no niget oan hawwe om tiid yn syn appartemint troch te bringen, en dêrtroch njonkelytsen ek aardichheid krije oan omgean mei harren heit. Sels Amanda begjint nije gefoelens foar him te krijen as se de feroaring yn him sjocht, en Popper beäntwurdet har gefoelens. Hy nimt har sels in kear mei út nei de Tavern on the Green. De pinguïns foarmje trije pearkes en lizze trije aaien, wêrfan't lykwols mar twa útkomme. It trêde aai, fan Kaptein en har mantsje, blykt geld te wêzen. Hoewol't soks yn 'e natoer ek hiel algemien foarkomt, praat Nat Jones Popper oan dat it syn skuld is; sa wit er Popper einlings en te'n lêsten safier te krijen dat dy de no acht pinguïns ôfstiet oan 'e dieretún, in beslissing dy't syn bern bot teloarsteld.

Neitiid ferfalt Popper ta syn âlde hâlden en dragen. Mei syn ûnferskillich dwaan driuwt er syn bern wer by him wei, wylst ek Amanda har fan him ôfkeart. Yn syn no wer sniefrije appartemint fynt er einlings it bryfke fan syn heit, wêryn't Tom Popper sr. syn spyt betsjûget dat er net faker thús wie en dat hy en syn soan gjin nauwere bân hiene. Hy drukt syn soan op it hert om net deselde flater te meitsjen mei syn eigen bern. De wurden fan syn heit reitsje Popper djip en bringe him ta ynkear. Hy nimt Amanda en de bern mei nei de dieretún om 'e pinguïns werom te heljen. Ienris dêre docht bliken dat Nat Jones hielendal net fan doel wie om 'e bisten in better libben te jaan, mar om se út te ruiljen mei oare dieretunen tsjin bisten dy't er wier graach hawwe wol. Popper, Amanda en de bern rêde harren pinguïns en sette fuort dêrnei ôf nei de Tavern on the Green, dêr't frou Van Gundy in parsekonferinsje belein hat om har plannen foar it restaurant bekend te meitsjen.

Mei Amanda, de bern en de pinguïns arrivearret Popper op 'e parsekonferinsje, dêr't er krekt op 'e tiid is om frou Van Gundy, ta ûntsetting fan syn bazen, op it hert te drukken om it restaurant net te ferkeapjen. Nat Jones, dy't harren efterfolge is, hâldt en draacht him op 'e parsekonferinsje sa min, dat er troch de plysje ôffierd wurdt. Frou Van Gundy, dy't befreone blykt te wêzen mei boargemaster Michael Bloomberg, besoarget Popper in fergunning om syn pinguïns te hâlden. No't se sjoen hat hoe't Popper om syn bern en de fûgels jout, ferkeapet Van Gundy de Tavern on the Green oan him persoanlik, mei't er bewiisd hat in 'persoan fan wearde' te wêzen. Popper beslút it restaurant te renovearjen en iepen te hâlden. Nei de feestlike weriepening reizgje Popper en Amanda, dy't no wertroud binne, mei de bern nei Antarktika om 'e pinguïns thús te bringen. Dêr binne se der tsjûge fan hoe't Kaptein in nij aai leit. Popper bewissiget syn bern derfan dat se de fûgels yn 'e takomst noch gauris opsykje sille om te sjen hoe't it mei harren giet.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Jim Carrey.
 
Carla Gugino.
 
Madeline Carrol.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Tom Popper Jim Carrey
Amanda Popper Carla Gugino
Janie Popper Madeline Carroll
Billy Popper Maxwell Perry Cotton


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Pippi Pepenopolis Ophelia Lovibond
Nat Jones Clark Gregg
Selma Van Gundy Angela Lansbury
Daryl Desmin Borges
Kent David Krumholtz
dhr. Franklin Philip Baker Hall
dhr. Reader Dominic Chianese
dhr. Gremmins Jeffrey Tambor
Rick James Tupper
de jonge Tom Popper Henry Kelemen
Dylan Clark Marshall
Tom Popper sr. Brian T. Delaney
mem Popper Kelli Barrett

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

Mr. Popper's Penguins is in film dy't loskes basearre is op in ferneamd Amerikaansk berneboek, dat ek fan Mr. Popper's Penguins hjit. It waard skreaun troch Richard en Florence Atwater en kaam út yn 1938. Oarspronklik wie it de bedoeling dat de film regissearre wurde soe troch Noah Baumbach, mar dat rûn op 'e non, en úteinlik waard Mark Waters oansteld as regisseur. Hy wurke op basis fan in senario fan Sean Anders, John Morris en Jared Stern. De lieding oer it projekt hie John Davis, as produsint foar de filmstudio's Davis Entertainment en Dune Entertainment. Der wie foar Mr. Popper's Penguins in budget fan $55 miljoen beskikber.

De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Florian Ballhaus, de filmmontaazje waard dien troch Bruce Green en de filmmuzyk waard fersoarge troch Rolfe Kent. De soundtrack fan 'e film befettet û.m. de nûmers Lucy in the Sky with Diamonds fan The Beatles, Let It Snow! Let It Snow! Let It Snow fan Dean Martin en Ice, Ice, Baby fan Vanilla Ice. De opnamen fan 'e film setten yn oktober 2010 útein en duorren oant jannewaris 2011. De rol fan Tom Popper soe oarspronklik spile wurde troch Ben Stiller, mar dy seach derfan ôf. Neitiid wiene Owen Wilson en Jack Black yn byld foar dy rol, foar't de kar úteinlik op Jim Carrey foel. De pinguïns yn 'e film binne in miks fan echte pinguïns en special effects fersoarge troch Rhythm and Hues Studios.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan Mr. Popper's Penguins waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 17 juny 2011 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Op 6 desimber fan dat jier kaam de film út op dvd en blu-ray.

Untfangst bewurkje seksje

Mr. Popper's Penguins krige fan 'e filmkritisy oer it algemien lauwe resinsjes, hoewol't se ornaris lof hiene foar it aktearjen fan Carla Gugino. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Mr. Popper's Penguins in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 48%, basearre op 142 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei't er troch- en trochfoarsisber is en sa karakterleas dat nimmen der oanstjit oan nimme kin, hie [de film] minder kinnen – mar better moatten." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Mr. Popper's Penguins in goedkarringspersintaazje fan 53%, basearre op 30 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Mr. Popper's Penguins brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $68,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $119,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $187,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $55 miljoen betsjut dat in winst fan $132,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Rolfe Kent wûn de BMI Film & TV Music Award foar syn filmmuzyk fan Mr. Popper's Penguins.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.