Muntsjesyl (Kollumerlânsk: Muntjesziel; Nederlânsk en offisjeel: Munnekezijl) is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Muntsjesyl leit noardlik fan Pitersyl, eastlik fan Warfstermûne, westlik fan Lauwerssyl en súdwestlik fan Sâltkamp. De doarpskearn leit benammen oan de Methardusstrjitte.

Muntsjesyl
Methardusstrjitte
Methardusstrjitte
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 495 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 20,09 km², wêrfan:
- lân: 19,83 km²
- wetter: 0,27 km²
Befolkingsticht. 23,85 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 18' N 6° 16' E
Offisjele webside
www.munnekezijl.nu
Kaart
Muntsjesyl (Fryslân)
Muntsjesyl

De buorskippen De Skâns, Krabbuorren en De Kolk (grutendiels) hearre ek by Muntsjesyl.

Muntsjesyl hat 495 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis bewurkje seksje

 
Slûs fan Muntsjesyl yn it Syldjip

Muntsjesyl is in kûmdoarp dat yn de lette midsiuwen ûntstien is by de yn 1476 troch Sistersjinzer muontsen fan Gerkeskleaster sleine slûs yn de Lauwers, dy't it troch harren bedike lân beskermje moast. De slûs is in tal kearen ferlein en fernijd. Oan de ein fan de 16e iuw waard in ferdigeningsskâns oanlein. De bou fan de tsjintwurdige slûs yn 1741 foarme in ûnderdiel yn de ferbettering fan it Syldjip en de Muntsjesylster Ryd.

Foar de gemeentlike weryndieling fan 2019 wie it ien fan de tolve doarpen yn de gemeente Kollumerlân.

Bouwurken bewurkje seksje

Tsjerken bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Herfoarme tsjerke (Muntsjesyl).

It hat lang duorre foar't Muntsjesyl sels in tsjerke krige. De eardere herfoarme tsjerke (ek "Sylstertsjerke") waard yn 1899 boud, mar gyng werom op in gebou út de 17e iuw. Yn 2020 waard de tsjerke troch de PKN-gemeente ferkocht. Yn de tsjerke wie in oargel út om 1755 hinne, dat yn 2021 ferhûze nei de tsjerke fan Terkaple.

  De Wikipedy hat ek in side Grifformearde tsjerke (Muntsjesyl).

De grifformearden lieten yn 1913-1914 de grifformearde tsjerke bouwe. It ûntwerp wie fan de Grinslânske tsjerke-arsjitekt Lammert Reitsma. De tsjerke is noch jimmeroan yn gebrûk.

Oare bouwurken bewurkje seksje

 
Rust Roest yn 2009

Yn it doarp stiet de yn 1856 boude nôtmûne Rust Roest, dy't ek wol de Muntsjesylster Mûne neamd wurdt. De mûne is in reiddekte achtkante stellingmûne mei stiennen ûnderbou.

Deunby Muntsjesyl stiet de slûs fan Muntsjesyl, in ryksmonumint út 1882.

Súdlik fan it doarp leit 'it Pypke', in âlde bôgebrêge fan 1802.

Mienskip bewurkje seksje

It yn 2016 ferboude doarpshûs hjit De Skâns.

Tsjerke bewurkje seksje

Ferienings bewurkje seksje

Skoalle bewurkje seksje

Passantehaven bewurkje seksje

It doarp leit oan de Muntsjesylster Ryd tsjin Grinslân oan. It doarp hat tsjintwurdich in passantehaven.

Publikaasje bewurkje seksje

  • M. de Vries-Adema - Munnekezijl-Beeld van een dorp

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Plakken yn de gemeente Noardeast-Fryslân
 
Stêd: Dokkum

Doarpen en útbuorrens: AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum

Buorskippen: Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden