In muonts, ek muontsemole of mûnts (Nederlânsk: monnikmolen; ek grondzeiler) is in achtkante boppekruier dy't fan de grûn ôf betsjinne wurde kin. De wjukken reitsje hast de grûn, dêr't de mounder de silen om de wjukken bine kin. Om't de draaiende wjukken in grut gefaar foarmje kinne, is it needsaaklik om de muonts in ôffreding del te setten.

Klaarkampstermûne, Rinsumageast
De Guos, Iesumasyl

De funksje fan in muonts is it regeljen fan de wetterhûshâlding yn de polder. Muontsen hearre dêrom ornaris op iepen plakken te stean, lykas bygelyks yn de keale polders fan westlik en noardlik Nederlân en East- en Noard-Fryslân.[1]

Muontsen kinne foarsere poldermûnen wêze, mar yn Fryslân komme faak tige lytse mûntsjes foar. Sa is de De Lytse Mûne yn Stiens mei in flecht fan mar 9 meter de lytste achtkante mûne fan Fryslân èn Nederlân. In muonts stiet op in stiennen ûnderbou en it achtkant is mei reid of mei planken dutsen.

In mûne op in keunstmjitte ferheging wurdt in bult -of berchmûne neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hjoed-de-dei hawwe troch stedsútwreidings in soad poldermûnen harren natuerlike omjouwing ferlern