N!xau ǂToma (koart: N!xau; altenative stavering: Gcao Coma; Tsumkwe, ±1943 – dêre, 1 july 2003) wie in Namibysk boer, jager en akteur fan etnysk San-komôf. Hy waard yn 1980 ferneamd troch syn rol yn 'e filmkomeedzje The Gods Must Be Crazy, fan 'e Súdafrikaanske regisseur Jamie Uys. N!xau spile dêrnei noch yn in seistal oare films, en waard wol "Namybjes meast ferneamde akteur" neamd. Hy ferstoar yn 2003 oan tuberkuloaze.

N!xau ǂToma
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme N!xau ǂToma
nasjonaliteit Namibysk
berne ±1943
berteplak Tsumkwe (Namybje)
stoarn 1 july 2003
stjerplak Tsumkwe (Namybje)
etnisiteit San
jierren aktyf 19801996
offisjele webside
n.f.t.

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en komôf bewurkje seksje

N!xau hearde ta it folk fan 'e San (foarhinne "Boskjesmannen" neamd). De symboalen ! en ǂ (en teffens de letter x), yn syn namme, steane foar klikkonsonanten út 'e Koisan-talen. N!xau wist net wannear't er persiis berne wie, mar neffens offisjele skattings (û.m. brûkt foar yn syn paspoart) moat dat likernôch yn 1943 west hawwe. Hy spriek floeiend Juǀ’hoan (in San-taal), Tswana en Herearo, en koe him dêrnjonken rêde yn it Afrikaansk. Hy ûnderhold himsels oarspronklik as jager.

Aktearkarriêre bewurkje seksje

Yn 1980 waard N!xau frege om mei te wurkjen oan 'e film The Gods Must Be Crazy ("De Goaden Moatte Wol Gek Wêze"), fan 'e Súdafrikaanske regisseur Jamie Uys. Dat wie in komeedzje mei twa ferhaallinen wêryn't Uys him û.m. fan slapstickmetoaden betsjinne. Yn 'e iene ferhaalline smyt in ûnachtsume piloat boppe de Kalahary-woastyn in leech Coca-Cola-fleske út it rút, dat dêrnei fûn wurdt troch in San-stamme, dy't mient dat it in geskink fan 'e goaden is. As it iennichste hurde en folslein wettertichte foarwerp dat se ea sjoen hawwe, reitsje de San ûnderling deilis om it ding, oant men úteinlik kedizet dat it werombrocht wurde moat nei de goaden, om't it allinne mar ellinde bringt. In jager, spile troch N!xau, nimt dy taak op him, mar kriget der hiel wat mei te stellen as er oan 'e râne fan 'e Kalahary foar it earst yn kontakt komt mei blanke minsken. De twadde ferhaalline giet oer de ûntstellend ûnhandige blanke dy't him úteinlik oer de San-jager ûntfermet, en dy't op in hilarysk knoffelige wize besiket om 'e nije skoaljuffer yn it doarp it hof te meitsjen.

De rjochten fan The Gods Must Be Crazy waarden ferkocht oan 45 lannen, en de film wie te sjen yn Noard-Amearika, Jeropa en Japan. Yn 1981 wûn Uys der de grutte priis mei op it Festival International du Film de Comedy Vevey. Troch it súkses fan 'e film wie N!xau wrâldferneamd wurden, mar dêr hied er sels mar amper weet fan. Foar't er oan 'e film meidie, hied er yn syn hiele libben mar trije blanken sjoen, en hy wie alhiel ûnwittend fan 'e wearde fan it papierjild dat er yn ruil foar syn aktearjen taparten krige. Neffens it ferhaal liet er dat dêrom fuortblaze yn 'e wyn. Hy fertsjinne oan it projekt trouwens ek mar in pear hûndert rand.

Tsjin 'e tiid dat Uys yn 1989 in minder súksesfol ferfolch makke, The Gods Must Be Crazy II, mei twa soartgelikense ferhaallinen oer de San en in pear blanken, hie N!xau aardich byleard en wist er troch ûnderhannelings in folle hegere priis te betingjen foar syn meiwurking. Hy kaam lykwols út in kultuer dy't gjin wearde hechte oan 'e materiële saken dy't er mei jild keapje koe, en sadwaande hied er nea leard om ferstannich mei jild om te gean. Nettsjinsteande dat brûkte er in diel fan syn ynkommen om foar syn famylje in bakstiennen hûs sette te litten mei wetterlieding en elektrisiteit. Njonken de beide The Gods Must Be Crazy-films fan Uys wurke N!xau noch mei oan ferskate ferfolgen dy't troch oare regisseurs makke waarden: Crazy Safari, Crazy Hong Kong en The Gods Must Be Funny in China, wêrfoar't er alhiel nei Sina reizge.

Lettere jierren en ferstjerren bewurkje seksje

Mids jierren njoggentich kearde er werom nei syn berteplak Tsumkwe, dêr't er boer waard en maïs, pompoenen en beane ferboude, wylst er ek in pear kij hie. Yn july 2000 liet N!xau, dy't opgroeid wie yn 'e natoerreligy fan 'e San, him dope en waard er lid fan 'e Sânde-Deis Advintistyske Tsjerke. Hy ferstoar op 1 july 2003 wylst oer op jacht wie yn 'e omkriten fan Tsumkwe oan multyresistinte tuberkuloaze. Hy wie doe likernôch 59 jier. Hy waard op 12 july by in semy-tradisjonele seremoanje njonken syn twadde frou begroeven. N!xau hie seis bern dy't him oerlibben.

Filmografy bewurkje seksje

  • 1980 – The Gods Must Be Crazy
  • 1988 – The Gods Must Be Crazy II
  • 1990 – Kwacca Strikes Back
  • 1991 – Crazy Safari
  • 1993 – Crazy Hong Kong
  • 1994 – The Gods Must Be Funny in China
  • 1996 – Sekai Ururun Taizaiki (as himsels)

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.