NPO Radio 2 is in nasjonale radiostjoerder fan 'e Nederlânske Publike Omrop. It stasjon rjochtet him mei muzyk út 'e jierren '80 en '90, oanfold mei sawol resintere ferskes as âldere platen út 'e jierren '60 en '70, yn earste ynstânsje op harkers fan 35 oant en mei 54 jier. Dochs berikt de stjoerder ek genôch jonger publyk.

NPO Radio 2
medium Radio
nasjonaliteit Nederlânsk
taal Nederlânsk
oprjochte 1947 (as Hilfertsom 1)
haadkertier n.f.t.
ûntfangstgeb. Nederlân
eigner Nederlânske Publike Omrop
webside www.nporadio2.nl

De folgjende omroppen stjoere út op Radio 2: AVROTROS, BNN-VARA, EO, KRO-NCRV, NTR, VPRO en WNL.