Nasalearring (nasaal fokaal) is in fonologysk proses wêrby de n troch de noas útsprutsen wurdt. By de neikommende wurden falt de n wei en wurdt it fokaal nasalearre:

  • gâns --> n wurdt net útsprutsen en de â wurdt nasalearre.
  • oanstriid --> n wurdt net útsprutsen en de oa wurdt nasalearre.

Skaaimerken fan de nasalearring binne:

  1. Der is in gewoane fokaal + n + rûzer of l, r, j, w en u.
  2. De fokaal wurdt nasalearre
  3. De n ferdwynt
  4. De fokaal ferliest letteroan syn nasaliteit en wurdt soms rutsen.

Yn it fonetyske skrift wurdt de nasalearring mei in ~ boppe de oanbelangjende fokaal oanjûn.

Skiednis bewurkje seksje

Yn it Frysk hat it proses fan de n-útfal him ôfspile yn likernôch de 5te oant de 10de iuw. Yn it Ingelsk wurde fokalen ek wol nasaal útsprutsen wêrby de n fuortfalt.

De Frânske taal hat dit fonologysk proses ek. Tink bygelyks mar oan restaurant dat in protte talen oernommen hawwe. Yn it Portugeesk, Bretonsk, Sineesk-Tibetaanske talen, Poalsk en Kasjûbysk wurde ek nasale fokalen brûkt.