In navidukt is oanpaste foarm fan in akwadukt. It ferskil tusken de twa is dat yn in navidukt skutslûzen oanwêzich binne.

Navidukt út de loft wei sjoen

It wurd navidukt is in nij wurd dat in betinksel is nei oanlieding fan it navidukt dat boud is by Inkhuzen. Navis betsjut yn it Latynsk skip of skepen. Ducere betsjut liede of fiere. In navidukt is dus in 'skiplieder'.

It earste navidukt op de wrâld is boud by Inkhuzen, it Navidukt Krabbersgat. Dit waard yn april 2003 iepene.