Nederlânske Grûnwet

Polityk yn Nederlân
Wapen fan Nederlân
Statút foar it Keninkryk fan de Nederlannen
Nederlânske Grûnwet
Regear
Steatshaad (Willem-Alexander)
Kabinet
Minister-presidint (Mark Rutte)
Ministers en steatssekretarissen
Hege Kolleezjes fan Steat
Earste Keamer
Twadde Keamer
Ried fan Steat
Algemiene Rekkenkeamer
Nasjonale ombudsman
Desintrale oerheden
Provinsjes
Provinsjale Steaten
Deputearre Steaten
Kommissaris fan de Kening
Gemeenten
Wetterskippen

De Grûnwet foar it Keninkryk fan de Nederlannen (Nederlânsk: Grondwet voor het Koninkrijk der Nederlanden) is it wichtichste steatsdokumint en de heechste nasjonale wet fan Nederlân. De fûneminten fan de steatsynrjochting en de grûnrjochten fan de boargers binne deryn fêstlein. De tekst en de yndieling fan de hjoeddeistige grûnwet is foar in grut part yn 1983 ta stân kommen.

Skiednis bewurkje seksje

 
De grûnwet fan 1848 kaam suver yn syn gehiel fan de hân fan Johan Rudolph Thorbecke.

De Steatsregeling foar it Bataafske Folk fan 1798 kin beskôge wurde as de earste grûnwet fan Nederlân. De Earste Nasjonale Gearkomste begûn yn 1796 mei it ûntwerpen fan dy Steatsregeling. Nei ôfwizing yn in folksrieplachting en in steatsgreep yn jannewaris 1798 waard it ûntwerp op 17 maart troch de Twadde Nasjonale Gearkomste oannaam. Op 23 april stimden ek de boargers mei de Steatsregeling yn. Yn dizze perioade waard Nederlân ek troch de Frânske Republyk ynlive.

Yn de Steatsregeling wiene bepalings fêstlein dy't te krijen hawwe mei boargerrjochten, de steatsynrjochting, it bestjoer yn provinsjes (departeminten) en gemeenten, finânsjes, bûtenlânske saken, rjochterlike macht en feroaring fan de Steatsregeling. Yn septimber 1801, nei op 'e nij in steatsgreep, waard de Steatsregeling ôfskaft. Yn oktober fan dat jier kaam der lykwols alwer in nije.

Doe't yn novimber 1813 in ein kaam oan de ynliving fan Nederlân troch it Frânske Keizerryk, waard besletten dat der in grûnwet komme moast. In spesjale kommisje waard oprjochte om in grûnwet te ûntwerpen, en op 29 maart 1814 waard dy troch in "Grutte Gearkomste fertsjintwurdigjende de Feriene Nederlannen" goedkard.

Nei de feriening fan de Noardlike en Súdlike Nederlannen yn 1815 waard de grûnwet feroare. Ien fan de wichtichste ynhâldlike oanpassings wie it opdielen fan de Steaten-Generaal yn twa Keamers: de Earste Keamer en de Twadde Keamer. Nei 1815 is de grûnwet noch meardere kearen feroare.

Yn 1844 mislearre in besykjen fan njoggen Twadde Keamerleden om de grûnwet te demokratisearjen. Fanwegen ûnrêst yn omlizzende lannen stimde Kening Willem II yn 1848 dochs mei in feroaring yn. In protte fan de ideeën fan 1844 waarden doe ûnder lieding fan Johan Rudolph Thorbecke noch realisearre. Sa kamen der streekrjochte ferkiezings, ministeriële ferantwurdlikens en mear rjochten foar it parlemint.

Keppeling om utens bewurkje seksje