De Nederlânske Uny (Nederlandsche Unie) wie in Nederlânske politike beweging ûnder de Twadde Wrâldoarloch, oprjochte troch it trijemanskip Louis Einthoven, Johannes Linthorst Homan en Jan de Quay. De NU waard fral oprjochte om de NSB de wyn út de seilen te nimmen.

Dit artikel is in stobbe oer polityk.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
De Quay, Einthoven, Linthorst Homan (july 1940)

Op har hichtepunt hie de Nederlandsche Unie likernôch 1 miljoen sympatisanten; dêrfan wiene sa'n 600.000 persoanen lid. De organisaasje joech it wykblêd De Unie út mei in oplage fan 314.000 eksemplaren.

Literatuer bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje