Nees (Dútsk: Langeneß [laŋəˈnɛs]; Deensk: Langenæs; Noardfrysk: Nees) is ien fan de Halligen, in groep eilannen yn Dútslân en makket diel fan de gemeente Nees. It eilân is it grutste fan alle Halligen, der binne 16 terpen op Nees. Op it eilân wenje likernôch 100 minsken, it is mei in spoarwei oer Olân mei de fêste wâl ferbûn.

Satelytfoto fan Nees en Olân (rjochts) mei de terpen nûmmere.

Skiednis bewurkje seksje

Nees foarme oant de Burchardifloed fan 1634 ien eilân mei Olân. Dêrnei bestie it út trije losse eilantsjes: Nees yn it easten, Butwehl yn it súdeasten en Noardlân yn it westen. Yn de 19e iuw binne dizze eilannen troch damen en lânoanwinning wer oanelkoar groeid. Dêrmei waard Nees it grutste fan de Halligen en is it hast tsien kilometer lang.

Ferkear bewurkje seksje

 
Fjoertoer fan Nees.

Sûnt 1927 is it mei in smelle spoarwei oer Olân mei de fêste wâl ferbûn. Fierders hat it eilân trije lytse havens, yn ien dêrfan is in oanlisplak foar in lytse feartsjinst dy’t fan Schlüttsiel ôf oer Hege, Nees en Oomraam fart.

Op de westpunte fan it eilân is in fjoertoer fan 11,50 meter boud. Dy stiet op de Alde Petersterp. De fjoertoer hat de namme Nordmarsch, de Dútske namme fan it âlde eilân Noardlân.

Keppeling om utens bewurkje seksje

 
Fryske eilannen
 
 

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise