De neil is de hurde beskerming fan hoarnstof (keratine), dy't minsken hawwe op de boppekant fan 'e fingerseinen en de teannen, en dy't by bisten yn 'e regel klauwen, kloeren of hoeven neamd wurde.

In koarte neil

Funksje bewurkje seksje

De neilen hawwe as funksje de beskerming fan de senuwen yn de einen fan de fingers sadat der gjin foarming fan yl plakfynt op de fingerseinen. Troch de oanwêzigens fan de neilen bliuwt it gefoel yn de fingerseinen behâlden, ek wol it ‘finger-spitzen gefühl’ neamd.

Minske brûke de neilen om lytse foarwerpen te bewurkjen en om te klauwen, pûlkjen ensfh.

Froulju litte harren neilen lang waakse om der oantrekliker of frouliker út te sjen. Guon minsken binne ferslaafd oan neilbiten.

De neilplaat, (de sichtbere boppekant), bestiet út trije lagen:

  • Hoarnlaach (skobbelaach), is de boppenste laach dy't by útdrûgjen los komt. Ek wel splittende neilen neamd.
  • Keratinelaach (spûnslaach), nimt alle fiedingstoffen op en hâldt focht en fet fêst.
  • Epiteellaach (ûnderste laach), is de befêstigingslaach fan de neilwâl, dy't him oan de sydkant fan de neilplaat befynt.

Ofwikings bewurkje seksje

Oan de neilen kinne sykten en ôfwikings ûntstean, dy't meastentiids onychopaty en onychosen neamd wurde. Faak hinget dat gear mei hûdsyktes, lykas psoriasis.

Keppeling om utens bewurkje seksje