Neil, greve fan Carrick

Neil fan Carrick, greve fan Carrick (Ingelsk: Neil of Carrick; Skotsk-Gaelysk: Nìall a' Charraig; Kastiel fan Turnberry (Skotlân), 12?? – dêre?, 1256), wie in Midsiuwsk Skotsk ealman en de twadde dy't de titel fan mormaer (of greve) fan Carrick droech. Hy wie de pake oan memmekant fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce.

Neil fan Carrick
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum ûnbekend
berteplak Kastiel fan Turnberry (Skotlân)
stjerdatum 1256
stjerplak Kastiel fan Turnberry? (Ingelân)
dynasty Hûs fan Carrick
etnisiteit Skotsk
greve fan Carrick
amtsperioade 12501256
foargonger Duncan
opfolger Marjorie

Libben bewurkje seksje

It is ûnbekend wannear't Neil berne waard, mar nei alle gedachten wie syn berteplak it Kastiel fan Turnberry, de residinsje fan 'e greven fan Carrick. Hy kaam út in âld Gaelysk laach, al is net oerlevere waard syn âlden wiene. Mei't er de opfolger wie fan Duncan, greve fan Carrick, waard foarhinne ornaris oannommen dat er dy syn soan wie. Yn 2005 oppenearre de foaroansteande Skotske skiedkundige G.W.S. Barrow lykwols de teory dat er Duncan syn pakesizzer wie, en dat er de soan wie fan Nikolaas (of Cailean) fan Carrick by de dochter fan Neil Ruadh O'Neill, de kening fan Tyrone.

Hoe dan ek, yn 1250 waard Neil greve fan Carrick. Hy kocht de oanspraken dy't syn omkesizzer Lachlan en dy syn neikommelingen op it greefskip Carrick hiene, ôf mei in jefte, dy't er befêstigje liet troch kening Aleksander III fan Skotlân. Dêrmei bewissige Neil dat der gjin strideraasjes oer syn opfolging ûntstean soene as er sûnder manlike opfolgers komme mocht te ferstjerren. Ut syn houlik mei Margareta Stewart waarden yndie inkeld fjouwer of mooglik fiif dochters berne. Sadwaande waard Neil by syn ferstjerren, yn 1256, opfolge troch syn âldste dochter, Marjorie. Dyselde troude letter mei Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale, mei wa't hja alve bern krige, wêrûnder de Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.