Nelufar Hedayat (Kabul, 1 jannewaris 1988) is in Britsk sjoernaliste, presintatrise en dokumintêremakster fan Afgaansk komôf. Hja wurket foar it Amerikaanske kommersjele tillefyzjestasjon Fusion TV en hat dokumintêres makke, presintearre en ko-produsearre foar sawol tillefyzje as radio. Hedayat hat ek trije jier lang de aktualiteiterubryk Newsround presintearre.

Nelufar Hedayat
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nelufar Hedayat
nasjonaliteit Britsk
berne 1 jannewaris 1988
berteplak Kabul (Afganistan)
etnisiteit Afgaansk
wurkpaad
wurksum as sjoernaliste, presintatrise,
dokumintêremakster
medium tillefyzje, radio
wurksum by Fusion Media Network
jierren aktyf 2009 – no
offisjele webside
Nelufar Hedayat op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid bewurkje seksje

Hedayat waard yn 1988 berne yn 'e Afgaanske haadstêd Kabul. Yn 1994, doe't se seis jier âld wie, kaam se mei har âlden as oarlochsflechtling oan yn it Feriene Keninkryk, dêr't se fierder opgroeide. Se waard yn noardlik Londen grutbrocht as moslima, mar net op strange wize.

Karriêre bewurkje seksje

Hedayat folge in sjoernalistike oplieding en waard yn 2009 oannommen troch de BBC, dêr't se foar de tillefyzjestjoerder BBC Three wurke. Yn 2011 waard se presintatrise fan Newsround, de live útstjoerde aktualiteiterubryk fan 'e BBC. Dy funksje ferfolle se trije jier lang, oant se yn 2014 by de BBC wei gie en as algemien ferslachjouster oan it wurk gie by it nijsprogramma Channel 4 News, op 'e ûnôfhinklike tillefyzjestjoerder Channel 4. Ein 2016 joech se har by it nijsteam fan it Amerikaanske kommersjele tillefyzjestasjon Fusion TV, dêr't se sûnt as presintatrise wurket.

Njonken har wurk as presintatrise hat Hedayat in stikmannich dokumintêres makke. Yn Women, Weddings, War and Me, út 2010, kearde se foar it earst werom nei har heitelân Afganistan, dêr't se yn byld brocht hoe't it libben fan froulju feroare wie sûnt de fal fan it Taliban-rezjym yn 2001. De dokumintêre waard útstjoerd op BBC Three en krige foar it meastepart loovjende kritiken. Neffens de sjochsifers waard it programma sjoen troch mear minsken as dat yn it Feriene Keninkryk ea earder nei in dokumintêre sjoen hiene. Women, Weddings, War and Me wûn de Broadcast Digital Award yn 'e kategory bêste aktualiteiteprogramma.

Yn 2011 makke Hedayat Music, Money and Hip Hop Honeys, wêryn't se de kontroversjele wrâld ferkende fan 'e modellen dy't te sjen binne yn hiphop-fideoklips. Se kaam ta de ûntdekking dat dy froulju bleatsteane oan sawol finansjele as seksuële eksploitaasje. Datselde jiers makke Hedayat ek de dokumintêre The Truth about Child Brides, wêryn't se de praktyk fan it úthylkjen fan jonge famkes oan 'e kaak stelde. Under de Arabyske Maityd, yn 2012, makke Hedayat yn 'e Arabyske wrâld de twadielige dokumintêre Riots and Revolutions: My Arab Journey, wêrfoar't se Egypte, Bachrein, Lybje en Libanon oandie.

Nei't se yn 2013 oer sinleas geweld de dokumintêre Shot for Going to School makke hie, folge yn 2014 Vietnam's Dog Snatchers, wêrfoar't Hedayat nei Fjetnam reizge. Dêr gie se op ferkenning yn 'e geheime wrâld fan 'e hannel yn hûnefleis, wêrfoar't elts jier miljoenen hûnen slachte wurde. In grut diel dêrfan bestiet út húsdieren dy't fan harren baaskes stellen wurde. Hedayat stelde fêst dat de plysje dêrfoar inkeld boetes útdielt, dy't de hûnedieven maklik betelje kinne om't de fraach nei hûnefleis sa grut is. Se besocht ek in doarp dêr't de ynwenners it rjocht yn eigen hân nommen hiene en inkele hûnedieven fermoarde hiene.

Fan 2016 oant 2018 makke Hedayat de dokumintêresearjes The Traffickers en Food Exposed. Yn The Traffickers ûndersocht se de praktiken fan minskesmokkelders dy't flechtlingen en asylsikers útrûpelje ûnderweis nei Jeropa. Yn Food Exposed die se û.m. ûndersyk nei de eksploitative wurkwize fan grutte palmoaljebedriuwen yn Libearia en nei de yntinsive bargefokkerij yn 'e Feriene Steaten en Sina, dêr't safolle antybiotika foar brûkt wurdt, dat baktearjes der ymmún foar wurde, wat op in wrâldwide ramp driget út te rinnen.

Trivia bewurkje seksje

Yn desimber 2012 die Hedayat mei oan 'e BBC-kwis Celebrity Mastermind, mei as spesjaliteitsûnderwerp Harry Potter. Se behelle it trêde plak (fan fiif dielnimmers).

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.