Nessemer Wettertoer

De wettertoer yn Nes by Akkrum is ûntwurpen troch arsjitekt A. P. Wesselman van Helmond en boud yn 1957.

Wettertoer Akkrum

De wettertoer hat in hichte fan 41 meter en hat ien wettertank fan 515 m3. De toer is bûten gebrûk. De toer is krekt-en-gelyk oan de wettertoer yn Sint Jabik.

Ea stie op it terrein fan de wettertoer in kleaster.

Mei Simmer 2000 wie dizze toer feroare yn in mânske skimerlampe.

Begjin 2007 is de toer te keap setten foar 35.000 euro en is it nominearre as ryksmonumint. Dat jier is ek in aksjegroep oprjochten om de wettertoer te behâlden. 19 Juny die bliken dat de wettertoer fan Nes ferkocht is oan Merwerd Syperda, de broer fan de skûtsjeskipper Allard Syperda. Dy krige yn april 2012 tastimming om der twa hotelkeamers en in útsjochpunt yn te meitsjen.

Keppeling om utens bewurkje seksje

  • [1] - Artikel oer de wettertoer
  • [2] - wettertoer ferkocht