Nicolaas Baur, ek Nicolaus Bauer, Nicolaus Baur (Harns, 12 septimber 1767 - dêre, 28 maart 1820), wie in keunstskilder.

Nicolaes Baur

Hy wie de soan fan portretskilder Henricus Antonius Baur (1736 - 1817). Hy skildere lânskippen en stedsgesichten. Hy makke ek moanneljocht- en wintertafrelen, mar wie it meast súksesfol mei syn seeskilderijen. Hy wurdt beskôge as ien fan de bêste lettere Nederlânske skilders fan seegesichten. Hy makke oaljeferven en wie behangskilder. Hy stoar yn Harns yn 1820.

Wurk fan him is te finen yn it Ryksmuseum Amsterdam, it Frysk Museum en it Hannemahûs yn Harns, mar ek noch yn âlde wenhuzen.

Wurk bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Baur, Nicolaas.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Nicolaas Baur fan Wikimedia Commons.