Nicolette Shea (Sacramento, Kalifornje, 18 novimber 1986) is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise. Hja sette yn 2011 útein mei in wurkpaad as neakenmodel, begûn letter ek te wurkjen as stripper en makke yn 2017 har debút as pornoaktrise.

Nicolette Shea
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nicolette Shea
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 18 novimber 1986
berteplak Sacramento, Kalifornje, Feriene Steaten fan Amearika
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2011 – no
offisjele webside
Nicolette Shea op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

 
Nicolette Shea by in fraachpetear foar de Bikini Contest yn 2020

Shea waard yn 1986 berne yn Sacramento, Kalifornje, yn 'e Amerikaanske steat Nevada. Hja krige bekendheid as neakenmodel doe't hja yn oktober 2011 de Playboy Cyber Girl of the Month wie. Neitiid bleau Shea aktyf as neakenmodel en posearre se noch ferskate kearen foar de Playboy en foar oare neakenblêden. Nei ferrin fan tiid begûn se ek as stripper te wurkjen, wêrby't se as feature dancer foar optredens by stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten lâns reizget.

Op 'e tillefyzje wurke Shea mei oan 'e searje Playboy Plus' Pretty in Pink Vol. 2, op 'e stjoerder Playboy TV. Yn 2017 makke se de oerstap nei de Amerikaanske pornoyndustry, dêr't se in sekssêne die yn 'e film Flixxx: Angela and Nicolette Get Wet, fan 'e studio Digital Playground. Letter datselde jiers spile se mei pornoakteur Keiran Lee yn 'e film Don't Bring Your Sister Around Me, fan it Brazzers Network.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Nicolette Shea is blank, mei griene eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.81 m lang, mei in gewicht fan 61 kg, en kupmaat 36D, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Behalven de wenstige piercings troch har earlellen hat se ek in nâlpiercing. Shea hat lykwols gjin tatoeaazjes.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: