Nijbrêge is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean. Nijbrêge foarmet mei Haskerdiken in twillingdoarp. By it doarp is in grutte jachthaven.

Nijbrêge
Ljouwerter Strjitwei
Ljouwerter Strjitwei
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente It Hearrenfean
Sifers
Ynwennertal 215 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 0,51 km², wêrfan
- lân: 0,41 km²
- wetter 0,10 km²
Befolkingsticht. 427 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 59' N 5° 53' E
Offisjele webside
FB-side Hakserdiken en Nijbrêge
Side Haskerdiken-Nijbrêge (wurdt net byholden)
Kaart
Nijbrêge (Fryslân)
Nijbrêge

It doarp hat 215 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis bewurkje seksje

Nijbrêge ûntstie yn de 19e iuw doe't besuden Haskerdiken in nije brêge mei slûs oanlein waard. Skippers moasten dêr somtiden wachtsje en mei de drokte dy't dêrmei mank gie ûntstie der in doarp. Yn 1952 is de brêge ferfongen troch in daam.

Om 1900 hinne wenne yn Nijbrêge de bekende kaartlister Hinke Kaart.

Oant 1934 hearde Nijbrêge by de gemeente Haskerlân, mar doe't dat jiers de nije gemeente It Hearrenfean foarme waard, krige dy gemeente der in lyts stikje fan Haskerlân mei Nijbrêge by. Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 hearde it doarp by de gemeente It Hearrenfean (wylst Haskerdiken ta de gemeente Haskerlân rekkene waard). Fan 1984 oant 2014 hearden beide doarpen by Skarsterlân; dêrnei kamen se beide by It Hearrenfean.

Sûnt 2012 makket it Dodopaad diel út fan it Jabikspaad, in diel fan de pylgersrûte fan Sint-Jabik nei Santiago de Compostella.

Mienskip bewurkje seksje

 
Amerikaanske wynmûne

Sûnt 1983 spilet 'It Deelshûs', it mienskiplike doarpshûs fan Haskerdiken en Nijbrêge, in sintrale rol yn it ferieningslibben fan it doarp. Yn 'e jierren 2010-2011 waard it doarpshûs ferboud en modernisearre. Haskerdiken en Nijbrêge hawwe sûnt 1900 in mienskiplik Pleatslik Belang. "De Brêge" is de doarpskrante fan it twillingdoarp. Frijwilligers hawwe yn 1992 de organisaasje Doarpshelp oprjochte, dy't him ynearsten op de âlderein rjochte mar hjoeddedei syn tsjinsten oan it hiele doarp oanbiedt. Doel fan de organisaasje is it behâld fan de leefberens yn it doarp foar elkenien.

Tsjerke bewurkje seksje

Nijbrêge hat nea in eigen tsjerke hân en is oansletten by de PKN-gemeente It Hearrenfean. Alle moannen wurdt der in tsjinst fierd yn de kapel fan Haskerdiken.

 
Ljouwerter Strjitwei

Skoalle bewurkje seksje

De bern fan Nijbrêge gyngen oant 2016 nei de iepenbiere basisskoalle 'It Fiifde Sté' yn Haskerdiken. De basisskoalle waard fanwegen it lytse tal bern sletten.

Ferienings bewurkje seksje

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de hiemside fan Haskerdiken-Nijbrêge. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op dy hiemside)

Befolkingsferrin bewurkje seksje

Jier 2013 2015 2020
Ynwenners 150 156 172

(Boarnen: 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers)

 
Wrâldbol yn it natoerpark

Strjitten bewurkje seksje

  • Ljouwerter Strjitwei - fan Ljouwert nei it suden, wêrfan kening Willem I opdracht joech ta de oanlis yn 1827 en ek mei betelle.
  • Liere - fan de liere as takel.

Ferskaat bewurkje seksje

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Plakken yn de gemeente It Hearrenfean
 
Haadplak: It Hearrenfean
Doarpen en útbuorrens: AldeboarnAldhoarneAldskoatAkkrumBontebokGersleatHaskerdikenHoarnstersweachJobbegeaKetlikDe KnipeLúnbertMildaamNesNijbrêgeNijhoarneNijskoatOranjewâldTerbantTsjalbert
Buorskippen: AldskouAnnebuorrenBrongergeaBurstumEasterboarnJinshuzenMeskenwierPeanPoppenhuzenJobbegea-SkuorregeaSoarremoarreSpitsendykSythuzenWarniahuzen