Nijeberkeap is in doarp oan de N351 tusken Aldeberkeap en Makkingea yn de gemeente Eaststellingwerf. It is ien fan 'e lytste doarpen fan 'e gemeente. Under it doarp falle ek de buorskippen Egypte, Frankryk en in part fan Twitel.

Nijeberkeap
Boschhoeve
Boschhoeve
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Eaststellingwerf
Sifers
Ynwennertal 265 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 12,19 km², wêrfan:
- lân: 12,07 km²
- wetter: 0,11 km²
Befolkingsticht. 22 ynw./km²
Oar
Koördinaten 52° 57' N 6° 11' E
Lokaasje Nijeberkeap (grien) yn 'e gemeente Eaststellingwerf
Lokaasje Nijeberkeap (grien) yn 'e gemeente Eaststellingwerf
Offisjele webside
nijeberkoop.nl
Kaart
Nijeberkeap (Fryslân)
Nijeberkeap

Nijeberkeap hat 265 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis bewurkje seksje

Nijeberkeap ûntstie fanút it memmedoarp Brocope, it hjoeddeiske Aldeberkeap dat doe it foarfoegsel Alde krige om it fan it nije doarp te ûnderskieden. Yn 1320 wurdt Ostbrockop foar it earst neamd as de biskop fan Utert in ban opheft oer in rige parochy's ûnder betingst dat hja de biskop oer ferskillende saken yn 'e mjitte kamen, nei't earder yn 1306 of 1309 de 'Friezen út Stellingwerf' it biskoplike kastiel fan Follenhove oanfallen hiene.[3] Ostbrockop waard letter Nijeberkeap. Nijeberkeap hearde ek ta de 12 parochy's, dy't him yn 1328 fan Drinte ôfskieden.

 
Tsjerke en klokkestoel fan Nijeberkeap
Jakobus Stellingwerf (1722)

Yn 'e selde snoarje waard de delsetting in selsstannige parochy en nei alle gedachten waard doe ek oan Dionysius wijde tsjerke stifte. Nei de reformaasje ferlear Nijeberkeap de selsstannige status fan parochy en waard it doarp tsjerklik yndield by Aldeberkeap.

Yn 'e 19e iuw waard de tsjerke fanwegen brekfalligens yn 1826 ôfbrutsen. Der binne by opgravings yn 1948 noch resten fan 'e tsjerke fûn. Fierder bleau allinne de klokkestoel mei ien klok oer. De klok skuorde yn 1878 en waard yn 1884 ferfongen troch in oare klok. Dy klok is yn 'e Twadde Wrâldoarloch foardere, omraand en letter ferfongen troch in nije klok.[4]

It doarp hie oan it begjin fan de 19e iuw foar in lyts skoftke in winterskoalle, dy't lykwols yn 1825 opheft waard. Yn 1899 koene de bern fan Nijeberkeap wer nei in eigen skoalle, dy't yn 1988 sletten waard fanwegen brek oan genôch bern. Sûnt hat it skoalgebou in oare funksje.

Op de Eekhoffkaart fan 1849 hie it doarp twa wegen, dy't as Binnenwei en Bûtenwei oantsjut wurde. De Binnenwei, de tsjintwurdige Boppewei (de N351), soe in âlde romeinske hearwei fan Makkingea nei [Spangea]] west ha.

Mienskip bewurkje seksje

It doarp hat in doarpskantine, dy't foar aktiviteiten brûkt wurde kin. De Doarpsomropper is de krante fan it doarp, dy't op juny en july nei alle moannen ferskynt.

Tsjerke bewurkje seksje

 
Klokkestoel

Ferienings bewurkje seksje

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan û.o. de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)

Befolkingsferrin bewurkje seksje

Jier 1815 1855 1954 1959 1964 1969 1974
Ynwenners 101 164 425 388 328 295 262
Jier 2004 2009 2015 2020
Ynwenners 274 274 276 270

(Boarnen: 1815 en 1850: Geschiedenis van Ooststellingwerfse Dorpen, T.H. Oosterwijk; 2009: Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2009-2010; 2015 en 2020: Alle Cijfers)

Gea bewurkje seksje

 
Lângoed Boschhoeve

Noardwest fan 'e bebouwing let it Diakonyfean, in 44 hektare grut natoergebiet fan it Fryske Gea. De plassen dêr ûnstiene troch it yn opdracht fan de tsjerke ôfgraven fan turf foar earme ynwenners. It gebiet is û.o. ryk oan slangen.

It likernôch 300 jier âlde lângoed Boschhoeve leit tusken de Linde en de Tsjonger en bestiet út goed 170 hektare mingd bosk, heide, dobben en ôfwiksele mei greide, ikkers en loantsjes. Op it lângoed stiet de opfallende pleats mei deselde namme út 1909, dy't in âldere pleats fan it hallehûstype ferfong.

Oan de westlike kant grinzget de Dellebuorsterheide, dy't noch yn 'e himrik fan Aldeberkeap leit.

Felida bewurkje seksje

Yn 1993 waard yn Nijebekeap troch de stifting Pantera in opfangsintrum foar grutte kateftige bisten iepene. De stifting rekke yn finansjele swierrichheden en yn 2014 naam de stifting FELIDA it opfangsintrum oer. FELIDA is in projekt fan de ynternasjonale organisaasje FOUR PAWS International, dy't him ynset foar bisten yn need.

Strjitten bewurkje seksje

Sjoch: Strjitten yn Nijeberkeap

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Stêd Follenhove, oproppen 25 juny 2023
  4. Corpus Roemeling

 
Eaststellingwerf
 
Doarpen en útbuorrens:
AldeberkeapAppelskeaDonkerbroekEasterwâldeElsloDe FochtelDe HauleHaulerwykLangedikeMakkingeaNijeberkeapRavenswâldWaskemar
Buorskippen:
AakingeaAlde Willem (foar in part)BekhofBentemadenBoekhorstBoppefjildBûteheidefjildButtingeaDeddingabuertElleboochEgypteFeanebuorrenFeanekoatenFrankrykHegeduerswâldIt HegesânJanssenstiftingKanadaKlazingeaKninebuertDe KnolleDe KolannenKoudenburchLegeduerswâldMedhuzenDe Monden (foar in part)Moskou (foar in part)NanningaNije FeartPetersburch (foar in part)PrandingeaDe RieteRolpealSkottelenburchSkrappingeaSúdhoarneTerwisschaTrije TolhikkenTrondeTwitelDe WeperWeperpolderWillemstêd
wizigje