Nikolai van der Heyde

Nikolai van der Heyde (Ljouwert, 23 jannewaris 1936Laren (Noard-Hollân), 6 augustus 2020) wie in Nederlânske filmregisseur, telefyzjeregisseur en senarioskriuwer.

Nikolai van der Heyde
regisseur en/of produsint
Nikolai van der Heyde yn 1965
Nikolai van der Heyde yn 1965
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 1936
berteplak Ljouwert
stoarn 2020 (84 jier)
stjerplak Laren
wurkpaad
wurksum as Regisseur, senarioskriuwer
jierren aktyf 1966-1996
offisjele webside
(in) IMDb-profyl

Biografy bewurkje seksje

Van der Heyde waard yn Ljouwert berne as soan fan in Nederlânske heit en in Russyske mem.

Van der Heyde studearre yn 1964 ôf oan de Nederlânske Filmakademy. Fia dy oplieding wie er yn de gelegenheid en meitsje ta koarte films, en waard er sjoen as ien fan de meast talintearre studinten fan syn lichting. Ek yn 1964 rjochte er yn 'e mande mei Wim Verstappen en Pim de la Parra it filmtydskrift Skoop op. Mei troch stipe fan biermagnaat Alfred Heineken koe er yn 1966 syn earste langspylfilm meitsje: Een Ochtend van Zes Weken. De film krige yn binnen- en bûtenlân goede kritiken, mar it publyk bliuw wei.

Van der Heyde rjochte him dêrnei wat mear op in ynternasjonale merk foar syn films. Hy makke To Grab the Ring, en fiif jier letter Love Comes Quietly. Beide films waarden nominearre foar in Gouden Bear op efter elkoar it 18e en 23e Filmfestival fan Berlyn. Van der Heyde wie in leafhawwer fan Hollywoodfilms, en as er de kâns krige liet er Ingelske of Amerikaanske akteurs in rol spylje yn syn films. Dêrnei makke er de kluchtige komeedzje Help, de dokter verzuipt! nei de streekroman fan Toon Kortooms, dy't syn grutste súkses by it grutte publyk wurde soe. Syn karriêre hapere dêrnei wat. De opfolger fan Help! De dokter verzuipt, mei de titel Laat de dokter maar schuiven waard in flop. Nei de film Nitwits hat Van der Heyde allinne noch Dútske telefyzjerigen regisearre.

Van der Heyde stoar yn de âldens fan 84 jier yn it Rosa Spier Hûs yn Laren.

Filmografy bewurkje seksje

In kar:

  • Nitwits (1987)
  • Laat de dokter maar schuiven (1980)
  • De dwaze lotgevallen van Sherlock Jones (1975)
  • Help, de dokter verzuipt! (1974)
  • Love Comes Quietly (1973)
  • To Grab the Ring (1968)
  • Een ochtend van zes weken (1966)

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: