Noardwâlde (Grinslân)

Noardwâlde (Grinslân)
Himrik fan Noardwâlde (Grinslân)
Provinsje Grinslân
Gemeente It Hegelân
Ynwenners (2020) 270
Koördinaten 53°16'19.1"N 6°35'18.6"E
Netnûmer 050
Postkoade 9781-9784
Webstee ûnbekend

Noardwâlde (Grinslannersk: Noordwòl; Nederlânsk: Noordwolde) is in doarp yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân.

It doarp leit oan de âlde wei fan Grins nei Bedum. Fan it doarp rint in tsjerkepaad fan in kilometer nei Plattenburg, in pear hûskes oan it Bûterdjip.

It besjen wurdich bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Herfoarme tsjerke (Noardwâlde).

Yn it doarp stiet in romanogoatyske tsjerke út de 13e iuw. De toer fan it ryksmonumint wurdt bekroand mei in opfallende sipel.