Noardwest-Jeropa of noardwestlik Jeropa is de loskes definiëarre noardwestlike geografyske regio fan it wrâlddiel Jeropa. It omfiemet yn elts gefal de Benelúks-lannen (Nederlân, Belgje en Lúksemburch), Noard-Frankryk (Súd-Frankryk wurdt almeast ta Súd-Jeropa rekkene) en de Britske Eilannen (Grut-Brittanje en Ierlân). It hinget ôf fan 'e brûker fan 'e oantsjutting oft Dútslân (of dielen fan Dútslân) der ek ta rekkene wurde. Hiel inkeld wurdt Noardwest-Jeropa begrepen as "noardlik en westlik Jeropa", en dan wurde Skandinaavje en Súd-Frankryk der ek ta rekkene.

Histoarysk en taalkundich foarmet Noardwest-Jeropa it reitsflak tusken trije grutte befolkingsgroepen, te witten de Kelten, de Germanen en de Romanen. Op religieus mêd leit it op 'e grins fan it roomske suden en it protestantske noarden.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.