Nominoë (Bretonsk: Nevenoe; Frânsk: Nominoë; ek stavere as Nomenoë; Poher?, begjin 9e iuwVendôme, 7 maart 851) wie in etnysk Bretonsk ealman dy't tsjin 'e midden fan 'e njoggende iuw Bretanje wist te ferienjen tsjin 'e Franken. Hoewol't er sels nea in hearskerstitel droech dy't hiel Bretanje besloech, wurdt er tsjintwurdich yn 'e regel oantsjut as de earste net-legindaryske hartoch fan Bretanje. Nominoë wie de grûnlizzer fan it Keninkryk Bretanje, dêr't syn soan Erispoë de earste kening fan wie. Sadwaande wurdt er troch de Bretonnen noch altyd beskôge as harren tad ar vro ("heit fan it heitelân").

Nominoë
aadlik persoan en/of hearsker
In nasjonalistyske print fan Nominoë troch Jeanne Malivel, út 1922. (It wite flak op 'e eftergrûn is de lânkaart fan Bretanje.)
In nasjonalistyske print fan Nominoë troch Jeanne Malivel, út 1922. (It wite flak op 'e eftergrûn is de lânkaart fan Bretanje.)
echte namme Nevenoe
nasjonaliteit Bretonsk
bertedatum begjin 9e iuw
berteplak Poher? (Bretanje)
stjerdatum 7 maart 851
stjerplak Vendôme (Frankryk)
etnisiteit Bretonsk
hartoch fan Bretanje
regear 846851
foargonger Wihomarc (legindarysk)
opfolger Erispoë (as kening)

Libben bewurkje seksje

Komôf bewurkje seksje

Nominoë wie de twadde soan fan greve Erispoë I fan Poher (775-812) en de jongere broer fan greve Riwallon III fan Poher († 857). Hy waard nei alle gedachten oan it begjin fan 'e njoggende iuw berne, mooglik yn Poher.

Opkomst bewurkje seksje

Oer de iere libbensskiednis fan Nominoë is net in protte bekend. Hy wie in ealman mei in beskate mjitte fan macht yn Bretanje, safolle is wol dúdlik. Syn machtsbasis wie de krite om 'e stêd Vannes hinne, oan 'e súdkant fan it skiereilân. Yn twa oarkunden wurdt nei him ferwiisd as de greve fan Vannes, mar it is ûndúdlik oft er dy aadlike titel wol wier yn 'e hannen hie en sa ja, wannear dan krekt. Dat soe sa ier as 819 west hawwe kinne of sa let as 834. It soe skoan kinne dat Nominoë alhiel gjin lânerijen bûten Vannes besiet. Yn elts gefal wie syn wichtichste boarne fan ynkomsten yn letter tiid it plonderjen fan oanbuorjende dielen fan it Frankyske Ryk en it bestellen fan tsjerken en kleasters.

It is bekend dat Nominoë in fertrouling wie fan 'e Frankyske keizer Loadewyk de Fromme (de soan fan Karel de Grutte), dy't er yn 'e 830-er jierren stipe by ferskate boargeroarloggen yn it Frankyske Ryk. Nei't in algemiene opstân delslein wie, waard yn maaie 831 in gearkomste fan alle foaroanlju út it ryk belein waard yn Ingelheim. It wie nei alle gedachten dêre, dat Loadewyk Nominoë oanstelde as in soarte fan steedhâlder oer Bretanje. De titel 'hartoch fan Bretanje' wie yn haadsaak in útfining fan kronykskriuwers út 'e tsiende iuw foar in rige legindaryske hearskers oer in feriene Bretanje dy't einige mei Nominoë. Yn it echt wie de titel dy't Nominoë fan Loadewyk de Fromme krige, nei alle gedachten missus imperatus, oftewol "keizerlik gesant".

Earste deilisskip mei Karel de Keale bewurkje seksje

Nei't Loadewyk de Fromme yn 840 kommen wie te ferstjerren, wiene de bannen dy't Nominoë ûnderhold mei syn soan Karel de Keale, dy't him yn West-Frânsje opfolge, yn 't earstoan freonskiplik. Wylst syn eigen manskippen yn Neustrje tsjin him yn opstân kommen wiene, stjoerde Karel yn 'e maityd fan 841 út Le Mans wei boadskip nei Bretanje wêryn't er frege oft Nominoë him hulde bringe woe. Nominoë stimde dêryn ta. Ut 'e omskriuwing fan dit foarfal yn 'e kronyk fan Nithard wurdt dúdlik dat Nominoë te machtich wie om ta ûnderhearrigens twongen te wurden as er der net frijwillich mei ynstimd hie. Letter datselde jier stegere Nominoë in neieroankommen fan keizer Lotarius I ôf. Dat wie de broer fan Karel, dy't besocht Neustrje foar himsels te winnen.

Yn 'e simmer fan 843 wist Lotarius, of wierskynliker dy syn oanhinger Lambert II fan Nantes, Nominoë oer te heljen om dochs noch oer te rinnen. Neitiid sleat Nominoë in bûnsgenoatskip mei Lotarius, Lambert en Pepyn II fan Akwitaanje, en wiene Bretonske troepen oan wei troch belutsen by de striid tsjin Karel de Keale yn Neustrje. Yn novimber 843 krong Karel mei syn leger Bretanje yn en teach alhiel op nei Rennes om it gebiet te ûnderwerpen, mar dat krewearjen wie om 'e nocht. Yn juny 844, doe't Karel Toulouse belegere, teach Nominoë mei syn troepen Maine yn en plondere dat gebiet.

Op 'e synoade fan Yutz, yn oktober 844, dy't plakfûn ûnder it foarsitterskip fan Drogo fan Metz, de omke fan Karel de Keale, oarderen de Frankyske biskoppen Nominoë, Lambert en Pepyn en jou har wer ûnder it regear fan Karel del as se net ekskommunisearre wurde woene. Lambert en Pepyn swarden doe op 'e nij trou oan Karel, mar Nominoë liet him neat gelegen lizze oan 'e útspraken fan partijige en boppedat ek noch útlânske prelaten. Lykwols wiene der party Bretonske eallju dy't de lapen mei Karel de Keale gearsmiten hiene, dat Karel prebearre in nije ynvaazje fan Bretanje om it gebiet te pasifisearjen. Hy waard lykwols op 22 novimber 845 ferslein troch Nominoë yn 'e Slach by Ballon, krekt nei't er de rivier de Vilaine oerstutsen wie. Tusken 844 en 847 wie Nominoë neffens de Annales Bertiniani lykwols te drok mei it beoarlogjen fan 'e Wytsingen om him bot mei de Franken bemuoie te kinnen.

 
Nominoë's Eed, in Fiktoriaanske yllustraasje by in ballade oer him yn 'e bondel Barzaz Breiz, wêryn't er wraak swart op 'e Franken om't dy in Bretonske gesant deade hawwe.

Fermoedsoening bewurkje seksje

Yn 'e simmer fan 846 triek Karel de Keale fannijs mei in leger op nei Bretanje, mar it kaam net ta in oarloch. Ynstee folgen der ûnderhannelings mei Nominoë, dy't resultearren yn in fermoedsoening tusken de beide mannen, wêrby't oer en wer eden sward waarden. De details fan dy regeling binne ûnbekend, mar Prudentius fan Troyes brûkt de titel 'hartoch' yn dizze kontekst foar it earst foar Nominoë, wêrmei't er liket te suggerearjen dat Karel dy titel doe neffens him oan Nominoë taparte yn ruil foar in eed fan trou. Yn elts gefal is wis dat Karel op fersyk fan Nominoë Lambert fan Nantes út Nantes ferwidere en him ynstee folle fierder fuort, yn Sens, oanstelde.

Twadde deilisskip mei Karel de Keale bewurkje seksje

Wat der krekt barde om 'e fermoedsoening tusken Nominoë en Karel de Keale te bedjerren, is net bekend, mar de ôfspraken holden noch net iens in healjier stân. Mooglik dat it stokeljen fan Lotarius dêr debet oan wie. Yn elts gefal fierden de troepen fan Nominoë tsjin 'e kryst fan 846 wer ynfallen yn Neustrje út, diskear yn 'e omkriten fan Bayeux. Yn febrewaris 847 metten Karel de Keale, Lotarius en in trêde broer, Lodewyk de Dútser, inoar te Meerssen, dêr't Lotarius en Loadewyk oan Karel ûnthieten om boadskippen oan Nominoë en Pepyn II fan Akwitaanje te stjoeren dat se harren opstannigens tsjin Karel beëinigje moasten. Nominoë, dy't temûk jild ûntfong fan Lotarius, lei dy oprop njonken him del, en Pepyn die itselde. Karel fierde dêrop twa fjildtochten nei Akwitaanje út, yn 'e maityd en de hjerst fan 849.

Nominoë makke fan 'e ôfwêzigens fan Karel oan syn eastgrins gebrûk troch nije plondertochten troch Neustrje te hâlden, dêr't diskear de krite fan Anzjû it slachtoffer fan wie. Dêrop stelde Karel Lambert wer oan as greve fan Nantes. Dat wie gjin ferstannige set, want tsjin 850 wiene Nominoë en Lambert wer bûnsgenoaten wurden en plonderen se tegearre Maine. Yn augustus fan dat jier marsjearre Karel nei Rennes, wêrby't er him net ferliede liet ta it oangean fan in fjildslach. Ynstee besette er de stêd en legere dêr in garnizoen, wêrnei't er itselde yn Nantes die. Nominoë en Lambert fersloegen de beide garnizoenen fuort nei't Karel mei syn leger er fuorttein wie, en namen dêrby Amalric, de nije greve fan Nantes, kriichsfinzen.

Ofsetting fan 'e Bretonske biskoppen bewurkje seksje

Yn 849 belei Nominoë te Coitlouh in synoade, dêr't er de fiif Bretonske biskoppen fan Alet, Saint-Pol, Vannes, Quimper en Dol ôfsette. It is ûnbekend hokfoar reden oft er dêrfoar hie. Paus Leo IV stjoerde in brief oan Nominoë en de biskoppen (foar of nei de ôfsetting, dat is ûndúdlik), wêryn't er skreau dat de ôfsettings inkeld beävensearre wurde koene troch in kommisje fan tolve biskoppen mei 72 tsjûgen, en dat se oars net rjochtsjildich wêze soene. De lettere pausen Benediktus II en Nikolaas I wiene fan miening dat Nominoë de biskoppen twongen hie om misdieden te bekennen dy't se eins net begien hiene. In Frankyske synoade dy't yn 850 holden waard, beskuldige Nominoë derfan dat er de biskoppen ûnrjochtlik út har amt set hie om se te ferfangen troch mercenarii ("hierlingen"), oftewol striemannen dy't diene wat hy sei. Dy mercenarii waarden ekskommunisearre. Nominoë wie dêr net fan ûnder de yndruk: doe't er yn 850 it garnizoen fan Karel de Keale út Nantes ferdreau, ferfong er dêr ek de Frankyske biskop troch in eigen gadingmakker.

Ferstjerren bewurkje seksje

Op 7 maart 851 kaam Nominoë hommels te ferstjerren doe't er yn 'e omkriten fan Vendôme Anzjû oan it plonderjen wie. It is net alhiel dúdlik wat de deadsoarsaak wie, mei't der gjin melding fan makke wurdt dat er sneuvele yn 'e striid. Hy waard begroeven yn 'e Bretonske Abdij fan Redon. Mei syn frou Argentaela hie Nominoë in soan, Erispoë, dy't him opfolge en de earste kening fan Bretanje wurde soe.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.