Noordermolen (Noardbroek)

De Noardermûne (offisjeel: Noordermolen) is in poldermûne yn it buorskip Noardbroeksterhamrik, eastlik fan it Grinslânske Noardbroek.

Noardermûne
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Grinslân
plak Noardbroek
adres Hamrik 2
bysûnderheden
type bouwurk Poldermûne
boujier 1805
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 31623 [1]
offisjele webside
Side Mûnestifting Midden en East-Grinslân

De Noardermûne waard yn 1805 boud en is ien fan de âldste poldermûnen fan de provinsje Grinslân. De mûne rekke yn de jierren 1950 bûten bedriuw en yn hannen fan in partikulier. Dy man, Simon Graafhuis, liet de mûne yn 1963 restaurearje. De mûne rekke lykwols stadichoan dochs yn it neigean en in ruïne bleau oer.

De nije eigner 'Mûnestifting Aldamt' liet de mûne yn 2004 opknappe. Oarspronklik hie de mûne selsswichting, mar krige doe âld-hollânsk hekwurk. Sûnt wurket de mûne mei help fan in frijwillige mounder alle wiken. De mûne is tsjintwurdich ien fan de mûnen fan de 'Mûnestifting Midden en East-Grinslân'.

De Noardermûne is in houten achtkant op stiennen fjildmuorren. It houten achtkant is beklaaid mei daklear en de flecht fan de wjukken is 22,80 meter.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: