North by Northwest (film)

film út 1959 fan Alfred Hitchcock

North by Northwest is in Amerikaanske, yn Technicolor filme, romantyske spionaazjefilm en skriller út 1959 ûnder rezjy fan Alfred Hitchcock. De haadrollen waarden spile troch Cary Grant en Eva Marie Saint. De titel betsjut "Noardnoardwest". It ferhaal giet oer Roger Thornhill, in reklameman út New York, dy't by fersin oansjoen wurdt foar in spion foar de Amerikaanske oerheid. Dat liedt ta in efterfolging troch it heale lân troch aginten fan in mysterieuze organisaasje dy't derfan oertsjûge binne dat Thornhill harren snoade plannen in stôk yn 'e speaken stekke wol. North by Northwest waard troch de filmkritisy rûnom mei lof ûntfongen, en waard ek in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film waard nominearre foar trije Oscars en wûn in Edgar Award. North by Northwest wurdt gauris opnommen yn listen fan 'e bêste films ea makke.

North by Northwest
film
makkers
regisseur Alfred Hitchcock
produsint Alfred Hitchcock
senario Ernest Lehman
kamerarezjy Robert Burks
muzyk Bernard Herrmann
filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer
distribúsje Metro-Goldwyn-Mayer
spilers
haadrollen Cary Grant
Eva Marie Saint
byrollen James Mason
Jessie Royce Landis
Leo G. Carroll
Martin Landau
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 1 july 1959
foarm langspylfilm
sjenre spionaazjeskriller
taal Ingelsk
spyltiid 136 minuten
budget en resultaten
budget $4,3 miljoen
opbringst $9,8 miljoen
prizen Edgar Award 1960

Plot bewurkje seksje

Yn in bar yn in hotel yn New York litte twa kriminelen in ober de namme fan George Kaplan omroppe, in man dy't se sykje, mar wêrfan't se net witte hoe't er derút sjocht. Roger Thornhill, de baas fan in reklameburo, hat yn deselde bar in moeting mei in pear mooglike nije klanten en beseft krekt op dat stuit dat er syn sekretaresse ferkearde ynstruksjes jûn hat. Om it rjocht te breidzjen wol er hurd eefkes in tillegram stjoere, mei't se no tillefoanysk net berikber is. As er de ober sjocht, ropt er dy by him om te freegjen wêr't er dat yn it hotel dwaan kin. De kriminelen hearre neat fan it petear tusken Thornhill en de ober, mar wurde inkeld gewaar dat de ober om Kaplan ropt en dat Thornhill dêrop reägearret. Se konkludearje dat Thornhill Kaplan wêze moat, en as er nei de resepsje rint om syn tillegram te ferstjoeren, komme se him oer it mad en ûntfiere him ûnder bedriging mei in pistoal.

Thornhill wurdt nei in bûten op Long Island ta brocht, dat eigendom is fan in Lester Townsend. Dêr wurdt er ûnderfrege troch Townsend, dy't Thornhill syn bewearings dat er fan neat wit, fuortwiuwt as ferfelende kletspraatsjes. Thornhill hat oant safier meiwurke om't er derop fertroude dat it misferstân gau genôch út 'e wrâld holpen wurde soe as er by de opdrachtjouwer fan 'e beide kriminelen ôflevere waard, mar no kriget er foar it ferstân dat er mis west hat. Syn besykjen om te ûntkommen mislearret, en de hantlangers fan Townsend oermasterje him en jitte him yn opdracht fan Townsend in hiele flesse whisky troch de strôt. Dêrnei sette se him efter it stjoer fan in stellen auto en besykje in fataal ferkearsûngemak yn sêne te setten. Thornhill oerlibbet de wylde rit lykwols en wurdt troch de plysje fan Glen Cove oppakt foar riden ûnder ynfloed en op it plysjeburo finzenset.

Neitiid slagget it Thornhill net om 'e plysje of syn eigen mem te oertsjûgjen fan syn ferzje fan wat der bard is. De plysje nimt him mei nei de filla fan Townsend, dêr't de tsjinstfaam en frou Townsend, dy't er de jûns tefoaren beiden yn it foarbygean sjoen hat, him yndie weromkenne. Frou Townsend hâldt lykwols út dat Thornhill al oansketten wie doe't er opdaagjen kaam foar it feest dat de Townsends de oare jûns holden, en dat er letter smoardronken ôfset is. Mei't har man in diplomaat is dy't by de Feriene Naasjes wurket, wit de plysje wol wa fan beiden se leauwe moatte.

Neitiid besiket Thornhill op eigen manneboet de saak út te sykjen. Hy moat al foar de rjochter ferskine foar riden ûnder ynfloed en syn reputaasje hat bot skea oprûn troch it foarfal. Hy wol ferhaal helje by de echte Kaplan en sleept syn skeptyske mem mei nei it hotel dêr't de man ferbliuwt neffens in hiel reisskema dat Townsend him de jûns tefoaren foarlêzen hat om sjen te litten hoefolle oft er al fan Thornhill ôfwist. Thornhill en syn mem glûpe de hotelkeamer fan Kaplan yn, dy't se leech oantreffe. Fan it hotelpersoniel wurde se gewaar dat net ien fan harren de mysterieuze Kaplan winliken mei eigen eagen sjoen hat. As de tillefoan yn 'e hotelkeamer oergiet, nimt Thornhill op. It binne deselde beide kriminelen wer dy't no yn 'e lobby steane. Dat hy Kaplan syn tillefoan opnimt, befêstiget harren yn har oertsjûging dat hy Kaplan is.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Thornhill naait út, wêrby't er syn mem yn it hotel efterlit. Hy skoddet syn efterfolgers ôf en bejout him nei it Haadkertier fan 'e Feriene Naasjes foar in konfrontaasje mei Townsend. As er dêr de wiere Lester Townsend moetet, blykt dat in hiel oare man te wêzen as dejinge dy't him op Long Island ûnderfrege hat. Wylst se noch yn petear binne, smyt ien fan 'e kriminelen (dy't net folle muoite hiene om Thornhill syn folgjende stap út te figelearjen) in mês, dat de echte Townsend yn 'e rêch treft. De man sakket dea yninoar en de ûnnoazele Thornhill lûkt it mês út syn rêch yn in besykjen om 'e man te helpen, dat alhiel om 'e nocht is. In fotograaf yn it Haadkertier fan 'e Feriene Naasjes makket in foto fan Thornhill mei it mês yn 'e hân, wêrnei't eltsenien konkludearret dat hy de moardner is. Hy wit lykwols yn it ûntstiene trelit te ûntkommen.

Underwilens beseft in skimich kontraspionaazjeburo fan 'e Amerikaanske oerheid dat Thornhill oansjoen wurdt foar harren net-besteande agint Kaplan. De 'Professor', dy't oan it haad fan it buro stiet, beslút Thornhill oan syn lot oer te litten om 'e operaasje net yn gefaar te bringen. Se binne nammentlik in groep spionnen ûnder lieding fan Phillip Vandamm op it spoar dy't foar de Sovjet-Uny wurkje en op 'e iene of oare wize topgeheime ynformaasje it lân út smokkelje. En Kaplan is in krúsjaal ûnderdiel yn harren plan om Vandamm de foet dwers te setten, mei't er de oandacht ôfliedt fan in agint dy't de Professor-en-dy yn 'e organisaasje fan Vandamm ynfiltrearje litten hawwe.

Om't er fan it reisskema, dat "Townsend" him foarlêzen hat, wit dat Kaplan fan New York nei Chicago fleane sil, glûpt Thornhill oan board fan in trein nei Chicago, om't er as it nypt en wedernypt fan in trein springe kin, mar net út in fleantúch. Yn 'e trein moetet er Eve Kendall, in kreaze jonge frou dy't him ferberget foar de plysje, ek al wit se út 'e krante wa't er is. Underweis nei Chicago reitsje se behelle yn in yntime relaasje, en by oankomst yn Chicago, dêr't de trein opwachte wurdt troch noch mear plysje, smokkelet se him út 'e trein. Se skillet Kaplan foar him op, dy't har oanwizings foar him jout oer in plak dêr't er Thornhill moetsje sil: op in folslein isolearre bushalte op it plattelân, sa'n 50 km bûten Chicago.

 
Cary Grant as Thornhill dy't wanhopich besiket om in frachtwein ta hohâlden te twingen.

Thornhill reizget dêr mei de bus hinne, mar treft Kaplan net. Ynstee wurdt er oanfallen troch in pear manlju yn in fleantúch dy't sabeare de lânbougewaaksen mei ynsektiside oan it besproeien binne. Thornhill rekket op in hier nei dea, en hâldt op it lêst wanhopich in tankwein mei branje oan troch midden op 'e wei stean te gean. It fleantúch fljocht tsjin 'e tankwein oan en beide ûntploffe en geane op yn in see fan flammen. Thornhill stelt de auto fan ien fan it omsteand laach dy't útstapt is om it ûngemak better sjen te kinnen, en riidt werom mei Chicago, dêr't er nei Kaplan syn hotel giet. De resepsjonist fertelt him lykwols dat Kaplan al útcheckt hie en ûnderweis wie nei Rapid City, yn Súd-Dakota, op it stuit dat Eve Kendall him nei eigen sizzen oan 'e tillefoan hie.

As Thornhill yn itselde hotel Eve nei har keamer gean sjocht, folget er har. Hja liket bliid om him wer te sjen, mar Thornhill fertrout har no net mear, al hâldt er dat foar har geheim. Op syn oantrúnjen ite se tegearre, foar't Eve letter dy jûns in ôfspraak hat. Thornhill folget har nei in feiling, dêr't er Eve oantreft yn it selskip fan "Townsend" en de man dy't him de flesse whisky troch de strôt getten hat. "Townsend", waans mêtresse Eve is, blykt Phillip Vandamm te hjitten, en syn hantlanger Leonard. Thornhill seit sawol Vandamm as Eve it mannewaar op. Vandamm keapet op 'e feiling in âld byldsje en set dêrnei mei Eve ôf en lit syn hantlangers mei Thornhill ôfrekkenje. As Thornhill foar it ferstân kriget dat alle útgongen fan 'e feiling tichtset binne troch de hantlangers fan Vandamm, begjint er him sa ferfelend te hâlden en dragen, dat de feilingmaster de plysje skilje lit om him ôf te fieren.

Ynstee dat de plysjes him nei it plysjeburo bringe, leverje se him lykwols ôf op 'e Ynternasjonale Lofthaven Midway by Chicago, dêr't Thornhill oerdroegen wurdt oan 'e Professor. Dyselde leit Thornhill út dat Kaplan net bestiet en dat Vandamm en syn organisaasje spionearje foar de Sovjet-Uny. Hy fertelt ek dat Kaplan betocht is om 'e oandacht ôf te lieden fan oerheidsagint dy't yn Vandamm syn organisaasje ynfiltrearre is: Eve Kendall. Troch Thornhill syn 'optreden' by de feiling is har dekmantel yn gefaar kommen, en de Professor wol no dat Thornhill him helpt om dat wer goed te meitsjen. Thornhill, dy't Eve by de feiling inkeld sa kwetsend taspriek om't er gefoelens foar har hat en him ferret fielde, seit syn help ta en reizget mei de Professor nei Súd-Dakota ta.

Yn it besikerssintrum fan Mount Rushmore praat Thornhill ôf mei Vandamm en Eve. As dy opdaagjen komme, beart er dat er noch altyd poerrazen is op Eve. Hy easket fan Vandamm dat dy Eve oan him oerdrage sil, sadat se as spionne ferfolge wurde kin en de rest fan har libben yn it tichthûs trochbringe sil. Yn ruil dêrfoar sil hy (as Kaplan) de oare kant op sjen, sadat Vandamm-en-dy mei de geheime ynformaasje sûnder fierdere swierrichheden it lân ferlitte kinne. Ear't Vandamm sizze kin oft er mei dat foarstel akkoart giet, hellet Eve in pistoal te foarskyn en sjit Kaplan/Thornhill del. Dêrnei makket se har út 'e fuotten, en Leonard soarget derfoar dat ek Vandamm halje-trawalje it plak delikt ferlit. Thornhill wurdt nei't it skynt dea ôffierd, mar ienris bûten it each fan it omsteand laach komt er wer ta libben: it pistoal fan Eve befette inkeld losse flodders.

De Professor beävensearret dat Thornhill en Eve inoar moetsje kinne. De Professor hie Thornhill foarspegele dat Eve en hy noch lang en lokkich libje kinne soene as er meiwurke oan it toanielstikje yn it besikerssintrum, mar no docht bliken dat it de bedoeling is dat Eve mei Vandamm nei de Sovjet-Uny flechtsje sil, dêr't se as ynfiltrante foar de Amerikaanske oerheid fan ûnskatbere wearde wêze sil. Se moat sadwaande werom nei it lânhûs fan Vandamm yn 'e neite fan Mount Rushmore, dêr't Vandamm-en-dy de folgjende nachts ophelle wurde sille troch in fleantúch dat harren oarekant it Izeren Gerdyn bringe sil. Dat Eve no yn 'e Feriene Steaten foar moard socht wurdt, moat Vandamm oanfiterje om har mei te nimmen. Thornhill is it mei dat plan net iens, mar as er him dertsjin oankantet, lit de Professor him bewusteleas slaan troch ien fan syn hantlangers.

Nei tsjuster wurdt Thornhill wekker yn in sikehûs, dêr't de Professor him finzen hâldt yn in keamer wêrfan't de doar op 't slot sit. Thornhill is lykwols wisberet om Eve te rêden fan sawol Vandamm as de Professor, en ûntnapt troch it finster. Hy lit him troch in taksy by de oprit fan it lânhûs fan Vandamm ôfsette en glûpt it terrein op. By it hûs oankommen, wurdt er troch in iepensteand rút út in petear fan Vandamm mei Leonard gewaar dat it byldsje dat Vandamm op 'e feiling kocht hat, hol is en mikrofilm befettet dêr't de Amerikaanske steatsgeheimen op steane. Teffens komt er te witten dat de erchtinkende Leonard ûntdutsen hat dat Eve har pistoal laden wie mei losse flodders. Dat komt Vandamm al raar oer it mad, mar hy past him fuortendaliks oan 'e nije sitewaasje oan en risselwearret om Eve ûnderweis boppe iepen see út it fleantúch te smiten.

Thornhill kringt it hûs binnen fia in losse balkondoar en warskôget Eve mei in bryfke. Vandamm, Leonard en Eve ferlitte it hûs om nei it fleantúch te gean, mar as Thornhill harren folgje wol, wurdt er trappearre en ûnder skot holden troch Anna, de húshâldster. Eve wurdt op in hier nei twongen om oan board fan it fleantúch te klimmen, mar Thornhill kriget krekt op 'e tiid foar it ferstân dat Anna him bedriget mei it pistoal mei de losse flodders. Hy draaft ta it hûs út en komt Vandamm-en-dy oer it mad. Hy en Eve witte út te naaien mei it holle byldsje by harren. Se kinne net troch de tagongspoarte, dat se flechtsje de wyldernis fan it lângoed yn oant se útkomme by in steil klif. Thornhill beseft dat se boppe-oan Mount Rushmore steane, dêr't de gesichten fan fjouwer Amerikaanske presidinten yn 'e rotswand úthoud binne.

Hy en Eve klimme by de reuseftige gesichten del, efterfolge troch Leonard en in oare hantlanger fan Vandamm. Ien fan 'e efterfolgers falt by it klif del en ek Eve komt dat hast oer, mar Thornhill rêdt har troch krekt op 'e tiid har hân fêst te gripen. Mei syn oare hân hâldt er him fêst oan 'e râne fan 'e kraach fan ien fan 'e presidinten, as Leonard ferskynt en op syn fingers stean giet. As it derop liket dat Thornhill loslitte moat, sadat hy en Eve yn 'e djipte stoarte sille, wurdt Leonard deasketten troch in parkwachter fan 'e National Park Service, dy't it skot lost op oanwizing fan 'e Professor. Vandamm is ûnderwilens troch de Professor ynrekkene, en de mikrofilm wurdt yn beslach nommen. De film einiget as Thornhill en Eve nei harren trouwen as man en wiif mei de trein weromreizgje nei New York.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
James Mason (Phillip Vandamm), Eva Marie Saint (Eve Kendall) en Cary Grant (Roger Thornhill) hawwe eefkes lins ûnder de opnamen, en posearje mei op 'e eftergrûn Mount Rushmore.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Roger Thornhill Cary Grant
Eve Kendall Eva Marie Saint


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Phillip Vandamm James Mason
Clara Thornhill Jessie Royce Landis
de Professor Leo G. Carroll
Leonard Martin Landau
'frou Townsend' Josephine Hutchinson
Lester Townsend Philip Ober
Valerian Adam Williams
Victor Larrabee Edward Platt
Licht Robert Ellenstein
feilingmaster Les Tremayne
dr. Cross Philip Coolidge
plysje Flamm Patrick McVey
plysje Junket Edward Binns
Charlie Ken Lynch
sekretaresse Maggie Doreen Lang
tsjinstfaam Elsie Maudie Prickett
man by de bushalte Malcolm Atterbury
resjersjeur Tol Avery
plysje Emile Klinger John Beradino
lokettist Ned Glass
húshâldster Anna Nora Marlowe
pikkolo Ralph Reed
assistint-feilingmaster Olan Soule
Herman Weitner Frank Wilcox
Larry Wade Robert Shayne
meiwurkster tillefoansintrale (allinne stim) Sara Berner


Cameo fan Hitchcock

Regisseur Alfred Hitchcock stie bekend om syn cameo's yn 'e measten fan syn films. Yn North by Northwest is er hielendal oan it begjin te sjen as in man dy't krekt de bus mist, persiis op it stuit dat ûnder de begjintitels syn eigen namme yn byld komt. Der wie lange tiid spekulaasje oft er yn 'e film ien fan syn seldsume twadde cameo's die, as de film likernôch trije kertier oan 'e gong is, as in frou yn in turkwaze jurk yn 'e trein. Mar dy frou waard eins spile troch Jesslyn Fax, dy't ek lytse roltsjes yn oare produksjes fan Hitchcock hie.

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Preproduksje bewurkje seksje

Alfred Hitchcock krige om 1950 hinne it earste idee foar North by Northwest, ûnder ynfloed fan Otis Guernsey, in Amerikaanske sjoernalist dy't in kladsenario skreaun hie oer in Amerikaanske sakeman dy't yn it Midden-Easten oansjoen wurdt foar in geheim agint dy't eins net bestiet. De ynspiraasje foar dat ferhaal kaam fan Operaasje Gehak (Operation Mincemeat), wêrby't de Britske ynljochtingetsjinsten yn 'e Twadde Wrâldoarloch it stoflik omskot fan in man yn 'e hannen krigen, dêr geheime papierren oan tafoegen en it hiele spul efterlieten om troch de Dútsers fûn te wurden. Dy leauden neitiid yn it bestean fan in fiktive Britske geheim agint en spandearren in protte tiid en muoite om mear oer him te witten te kommen. Guernsey fûn dat der gatten yn syn eigen ferhaal sieten dêr't sels in frachtwein noch trochhinne ride koe, dat doe't Hitchcock der belangstelling foar bliek te hawwen, trune er him oan om der mar mei te dwaan wat him goedtocht. Hitchcock kocht de rjochten op it ferhaal oan foar $10.000.

 
De klimaks fan 'e film, wêrby't de akteurs op 'e gesichten fan 'e presidinten te Mount Rushmore omklimme.

De yntroduksje fan Mount Rushmore yn it ferhaal wie in betinksel fan Hitchcock sels, dy't letter gauris oan sjoernalisten fertelde oer syn (úteinlik net yn 'e film opnommen) idee om Cary Grant him foar syn efterfolgers ferskûlje te litten yn 'e noas fan presidint Abraham Lincoln. De film hie yn in earder stadium dan ek The Man in Lincoln's Nose hjitte moatten. Hitchcock wreide dêroer út dat er ek yn omtinken nommen hie om Grant himsels ferriede te litten troch te proesten. De film soe dan The Man Who Sneezed in Lincoln's Nose hjitte moatten hawwe.

Neffens de Hitchcock-biografy fan John Russell Taylor, Hitch: The Life and Times of Alfred Hitchcock, dy't yn 1978 útkaam, soe Hitchcock der yn 1958 mei ynstimd hawwe om in film foar Metro-Goldwyn-Mayer te meitsjen (syn iennichste foar dy filmstudio), dy't in ferfilming wurde moatte soe fan 'e roman The Wreck of the Mary Deare, fan Hammond Innes. Filmkomponist Bernard Herrmann rikkemandearre syn freon Ernest Lehman oan as senarioskriuwer, mar nei in pear wiken bea dy Hitchcock syn ûntslach oan, om't er net wist wat er mei it ferhaal oan moast. Dêrop stelde Hitchcock, dy't it mei Lehman oangenaam gearwurkjen fûn, foar om dan mar in oare film te meitsjen. Hy kaam doe mei it idee fan 'e fiktive spion en de efterfolging oer Mount Rushmore op 'e lapen. Neffens Lehman, dy't yn 2001 ynterviewd waard foar de dokumintêre Destination Hitchcock: The Making of North by Northwest, betochten hy en Hitchcock tegearre mear eleminten fan it ferhaal, lykas de moard yn it Haadkertier fan 'e Feriene Naasjes, en de oanfal mei it sproeifleantúch op 'e romte.

 
Ien sêne fûn plak yn it Haadkertier fan 'e Feriene Naasjes yn New York.

Produksje bewurkje seksje

Behalven as regisseur wie Hitchcock ek as filmprodusint by it projekt belutsen. Lehman wie ferantwurdlik foar it senario, wylst Bernard Herrmann de filmmuzyk fersoarge en Robert Burks de kamerarezjy die. Foar North by Northwest wie in budget beskikber fan $4,3 miljoen. De kosten rûnen op doe't der fertraging ûntstie. Dêrtroch wie de saneamde 'straftiid' dy't haadrolspiler Cary Grant yn syn kontrakt fêstlizze litten hie, al begûn foar't de earste opnamen plakfûnen, sadat er deis in ekstra $5.000 ûntfong. Opnamelokaasjes wiene û.o. it Plaza Hotel yn New York, it echte Haadkertier fan 'e Feriene Naasjes yn New York, it Grand Central Station yn New York, it LaSalle Street Station yn Chicago, de Ynternasjonale Lofthaven Midway yn Chicago, it Memorial View Building (besikerssintrum) by Mount Rushmore, en it Mount Rushmore-monumint sels.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan North by Northwest waard fersoarge troch Metro-Goldwyn-Mayer (MGM). De film gie op 1 july 1959 yn Chicago yn premiêre. Sûnt 1986 binne de rjochten op 'e film yn it besit fan Turner Entertainment, as ûnderdiel fan in fûnskatalogus fan MGM, dy't oergie yn 'e hannen fan Turner trochdat MGM yn 1986 tydlik eigendom fan Turner Entertainment wie. Yn 2001 waard North by Northwest útbrocht op dvd en yn novimber 2009 ek op blu-ray.

Untfangst bewurkje seksje

North by Northwest waard troch filmkritisy rûnom mei lof ûntfongen. Sa neamde it tydskrift Time de film "glêd fan opbou en tige fermaaklik." Yn The New York Times omskreau A.H. Weiler North by Northwest as "de skildereftichste, meast yntrigearjende en fleurichste efterfolging fan it jier." Filmkritikus Charles Champlin seach de film as in "blomlêzing fan typysk hitchcockiaanske sitewaasjes", en wie yn 't bysûnder ûnder de yndruk fan 'e sêne mei de oanfal fan it fleantúch, wêrfan't er miende dat dy ta Hitchcock syn bêste wurk hearde.

 
In boerd yn 'e neite fan Mount Rushmore wiist derop dat North by Northwest "yn dit gebiet" opnommen is.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat North by Northwest in suver net te ferbetterjen goedkarringspersintaazje fan 99%, basearre op 75 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, omskriuwt de film as "[o]angripend, spannend en fisueel ikoanysk", en stelt fierder: "Dizze lette Hitchcock-klassiker klearre it paad foar ûntelbere lettere aksjeskrillers." It tydskrift Empire parte North by Northwest it 98e plak ta op in list fan 'e bêste films aller tiden. It Amerikaansk Filmynstitút (AFI) parte de film it 40e plak ta op 'e ranglist fan bêste Amerikaanske films aller tiden.

Yn 1995 waard North by Northwest útkeazen foar preservaasje yn it National Film Registry fan 'e Library of Congress, as in film fan kultureel, histoarysk of estetysk belang.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

North by Northwest brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $5,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $4,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $9,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $4,3 miljoen betsjut dat in winst fan $5,5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Prizen bewurkje seksje

North by Northwest waard yn 1960 nominearre foar trije Oscars, yn 'e kategoryen bêste filmmontaazje, (George Tomasini), bêste produksje-ûntwerp (William A. Horning, Robert F. Boyle, Merrill Pye, Henry Grace, Frank R. McKelvy) en bêste orizjinele senario (Ernest Lehman). Twa fan dy prizen giene ynstee nei Ben-Hur en de trêde gie nei Pillow Talk. North by Northwest wûn wol de Edgar Award foar bêste filmsenario (Lehman). Alfred Hitchcock ûntfong foar North by Northwest syn twadde Sulveren Skulp foar bêste regisseur op it Ynternasjonaal Filmfestival fan San Sebastián (syn earste hied er krigen foar Vertigo).

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.