Numydje (Berbersk: Inumiden, Latyn: Numidia) wie in keninkryk fan de Numydjers yn de âldheid fan 202 f.Kr. oant 40 f.Kr. yn dat hjoed-de-dei Algerije en in lyts part fan Tuneezje en Lybje is. It lân wie ynearsten ferparte yn twa keninkriken: de Massyljers yn it easten en de Massesyljers yn it westen. Yn de Twadde Punyske Oarloch (218-201 f.Kr.) fersloech Masinissa, de kening fan de Massyljers, Syffaks fan de Massesyljers en ferienige dêrmei Numydje yn ien keninkryk. It keninkryk wie ynearsten in ûnôfhinklik lân, dêrnei't it in Romeinske fazalsteat waard en ta einbeslút in Romeinske provinsje.

Keninkryk Numydje
Inumiden
Regnum Numidiae
202 f.Kr. – 40 f.Kr.
flagge wapen
geografyske lokaasje

It Numidyske keninkryk yn syn wiidste omfieming
polityk
haadstêd Sirta, it hjoeddeistige Konstantine (Algerije)
offisjele taal Numidysk
Berbersk
Punysk
Latyn
steatsfoarm keninkryk
ûntstien út Kartago
Massyljers
Massesyljers
opgien yn Romeinsk Numydje
Mauretaanje
no diel fan Algerije
Lybje
Tuneezje
sifers
ynwennertal net bekend
bykommende ynformaasje
muntienheid Numidyske munten
Numydje om 220 f.Kr. hinne foar de feriening
Numidysk mausoleum fan Masinissa yn El-Khroub

Numydje grinzge yn syn wiidste omfieming yn it westen oan it keninkryk Mauretaanje by de rivier de Moulouya, yn it easten oan Syrenaika (hjoed-de-dei yn Lybje), yn it noarden oan de Middellânske See en yn it suden oan de Sahara. It keninkryk Numydje wie ien fan de earste promininte steaten yn de Magreb

Namme bewurkje seksje

Grykske skriuwers ferwiisden nei it folk as "Νομάδες" (nomaden), dat mei in Latynske oerseting Numidiae (of ek wol Nomades) waard. Skiedkundige Gabriel Camps oppenearret lykwols dat de namme in Berberske oarsprong hie. De skriuwer Polybius neamde de namme foar it earst yn de twadde iuw f.Kr. as in ferwizing nei in folk en gebiet bewesten Kartago, en omfieme it gânse kustgebiet fan Algerije oan de rivier de Muluya (Mulucha) ta, likernôch 160 km bewesten Oran.

Skiednis bewurkje seksje

De Numydjers bestiene lykwols út twa stammekloften: de Massyljers yn eastlik Numydje, en de Massesyljers yn it westen. Yn it earste part fan de Twadde Punyske Oarloch keazen de eastlike Massyljers ûnder kening Gaïa de kant fan Kartago dat yn it hjoeddeistich Tuneezje lei en dat fan in Fenisyske hannelskoloanje ta in Punysk seeryk útwoeks. Tagelyk keazen de westlike Massesyljers ûnder kening Syffaks de kant fan de Romeinske Republyk. Yn 206 f.Kr. feroare de situaasje en stapte Masinissa, de nije kening fan de Massyljers, oer nei de kant fan Rome. Syffaks, dy't boaske mei Sofonisba, dy't in dochter fan de Kartaachske generaal Hasdrubal Gisko wie, stapte oer nei de Kartaachske kant. Nei't de Romeinen de kriich wûn hiene, waard Masinissa kening fan gâns Numydje. Doe't Masinissa yn 148 f.Kr. ferstoar omfieme syn keninkryk it gânse kustgebiet fan Algerije fan Mauretaanje oant de grins mei Syrenaika yn Lybje. It Numidyske gebiet omkrong gâns it gebiet fan Kartago, útsein de kust.

Nei de dea fan Masinissa folge syn soan Misipsa him as kening op. Doe't Misipsa yn 118 f.Kr. ferstoar, waard er opfolge troch syn twa soannen Hiempsal I en Adherbal en de ûnwettige pakesizzer fan Masenissa, Jugurta, dy't fan Libysk komôf wie en tige populêr by de Numydjers wie. Daalk nei de dea fan Misipsa krigen Jugurta en Hiempsal tsierderijen. Jugurta liet Hiempsal ombringe en dat late streekrjocht ta tsierderijen tusken Jugurta en Adherbal.

Kriich tsjin Rome bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Jugurtakriich.

Yn 112 f.Kr begûn Jugurta fannijs mei syn kriich tsjin Adherbal. Hy makke guon yn de Romeinske Senaat brûkel nei't er Romeinen, dy't Adherbal holpen, en Adherbal sels ombringe liet. Rome stjoerde in leger en bestraf Jugurta, mar hy wist de Romeinen om te keapjen en sleat in fredesferdrach mei harren, dy't foar in grut part yn syn foardiel útwurke. De pleatslike Romeinske kommandant waard troch syn politike tsjinstanner Gaius Memmius oproppen nei Rome ta om him te ferantwurdzjen. Jugurta waard ek twongen en ferantwurdzje himsels yn Rome en tsjûgje tsjin de kommandant. Jugurta syn wiere aard kaam boppe wetter en doe waard er net mear betroud.

Der bruts fannijs kriich út tusken de Romeinske Republyk en Numydje en ferskate legioenen waarden nei Noard-Afrika stjoerd ûnder lieding fan konsul Kwintus Sesilius Metellus Numidikus. De kriich duorre lang en foel de Romeinen ôf, want se koene Jugurta mar net ferslaan. Jugurta brûkte benammen guerillataktiken. Metellus syn luitenant, Gaius Marius, rekke frustrearre oer de tastân en ferfear nei Rome en sykje ferkiezing ta konsul. Marius waard keazen en hy ferfear werom nei Numydje en beëinigje de kriich foargoed. Hy stjoerde syn generaal Sulla nei Mauretaanje om harren help oan Jugurta beëinigje te litten. Mei de help fan Bocchus I, dy't de skoanheit fan Jugurta wie, wist Sulla Jugurta te pakken en koe dêrnei de kriich beëinigje. Jugurta waard yn keatlings troch de strjitten fan Rome laat en waard yn it Tullianum opsletten. Hy ferstoar troch ferhongerjen yn 104 f.Kr.

Ferdield keninkryk bewurkje seksje

Nei de dea fan Jugurta waarden de westlike parten fan Numydje oan Bocchus I, kening fan Mauretaanje jûn. In lytser keninkryk Numydje waard regearre troch Jugurta syn healbroer Gauda. Doe't dy yn 88 f.Kr. ferstoar, waard it keninkryk fannijs ferparte yn in grutter eastlik keninkryk en in lytser westlik keninkryk (rûchwei it hjoeddeistich Lyts-Kabylje). De eastlike keningen lieten munten slaan, wylst der fan de westlike keningen gjin munten oerbleaun binne. De westlike keningen wiene mooglik fazallen fan de eastlike keningen.

De boargerkriich tusken Julius Caesar en Pompejus late ta de ein fan de ûnôfhinklikens fan Numydje yn 46 f.Kr. It westlike keninkryk kaam ta Bocchus II fan Mauretaanje, wylst it eastlik keninkryk in Romeinske provinsje waard. In oerbliuwsel fan it westlik keninkryk mei de stêd Sirta waard tydlik in autonoom gebiet ûnder Publius Sittius. Tusken 44 en 40 f.Kr. kaam it eardere westlik keninkryk fannijs ûnder it hearskip fan in Numidyske kening, Arabio, dy't Sittius fermoardzje liet en syn plak ynnaam. Hy rekke belutsen yn de boargerkrigen fan Rome en kaam dêrby om it libben.

Romeinske provinsje bewurkje seksje

 
Noard-Afrika ûnder Romeinsk bestjoer
  De Wikipedy hat ek in side Numidia (Romeinske provinsje).

Nei de dea fan Arabio waard Numydje de Romeinske provinsje Africa Nova (Nij-Afrika), mei útsûndering fan in lyts skoftke doe't keizer Augustus Juba II (soan fan Juba I) as fazalkening oanstelde tusken 29 en 27 f.Kr.

Eastlik Numydje waard yn 46 f.Kr. ynlive en foarmje de nije Romeinske provinsje Africa Nova. Westlik Numydje waard nei de dea fan de lêste kening, Arabio, yn 40 f.Kr. ynlive en de twa provinsjes waarden troch keizer Augustus mei Tripolitaanje meiïnoar foege en foarmje de provinsje Africa Proconsularis. Numydje bleau winliken in selsstannige provinsje, mar foel ûnder de prokonsul fan Afrika oant 203 n.Kr. Under keizer Septimius Sevearus waard Numydje fan Africa Pronsularis ôfskaat en waard it bestjoerd troch in keizerlike prokurator. Under de herfoarmings fan keizer Diokletianus waard Numydje yn twaen ferparte: it noarden waard Numidia Cirtensis mei Sirta as haadstêd en it suden mei de Aurèsbergen waard Numidia Militiana (Militêr Numydje) mei Lambaesis as haadstêd. Keizer Konstantyn de Grutte ferienige beide provinsjes lykwols wer mei Sirta, dat nei him werneamd waard ta Constantina (hjoeddeistich Konstantine (Algerije)), as haadstêd. De rang fan syn lânfâd waard yn 320 ferhege ta dy fan konsularis. De provinsje wie doe ien fan de seis provinsjes fan it Diosees Afrika oant de ynfallen fan de Fandalen yn 428. It waard nei de Fandaalske Oarloch fannijs part fan it Eastromeinske Ryk en waard it part fan de Pretoriaanske prefektuer fan Afrika

Wichtige stêden bewurkje seksje

Numydje waard yn de Romeinske tiid tige romanisearre en der waarden nije stêden boud. De wichtichste plakken yn Romeinsk Numydje wiene: yn it noarden de haadstêd Sirta, it hjoeddeistich Konstantine, Hippo Regius, flakby it hjoeddeistich Annaba, dat de bekende biskopsit fan Augustinus fan Hippo wie. Yn it suden yn it binnenlân laten wegen ta de stêden Teveste en Lambaesis, dy't troch wegen mei Sirta en Hippo Regius ferbûn waarden.

Lambaesis wie de sit fan de Legio III Augusta en in wichtich strategysk sintrum. It bewekke de berchpassen yn de Aurèsbergen, dy't in berchtme foarmje, dat Numydje fan de Berberske stamme fan de woastyn, Gaetuli, skate. Dat gebiet rekke letter ek ûnder Romeinsk bestjoer. Der wiene op syn minst tweintich stêden yn Numydje dy't de titel en status fan Romeinske koloanjes krigen hawwe. Yn de fyfde iuw neamde de Notitia Dignitatum net minder as 123 bisdommen, dy syn biskoppen oanwêzich wiene by de Konsylje fan Kartago yn 479.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.