Nyck de Vries (Twellingea, 6 febrewaris 1995) is in Nederlânsk karter en is sûnt 21 jannewaris 2010 opnaam yn it talinteprogram fan de Formule 1-ploech McLaren.[1]

Nyck de Vries
Formule 1
Nyck de Vries (2019)
Nyck de Vries (2019)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nyck de Vries
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 6 febrewaris 1995
berteplak Twellingea
etnisiteit Frysk
Formule 1 karriêre
jieren aktyf 2022
Teams Williams: 2022
AlphaTauri: 2023
Tal races 11 (11 starts)
offisjele webside
webstee fan Nyck de Vries

De Vries hat sûnt 2001 al in grutte rige oan kartprizen by elkoar riden. Sa waard hy yn 2008 en 2009 Dútsk kampioen yn de KF3 klasse en wûn hy yn beide jierren de World Series Karting.

Yn 2021 waard Nyck de Vries wrâldkampioen yn de Formule E, De heechste raceklasse foar elektryske auto's dêr't de Vries sûnt 2019 yn ried. Op 20 maaie 2022 ried de Vries syn earste rûntsjes yn in Formule 1 auto. by de frije training fan de Grutte Priis fan Spanje. Op 10 septimber datselde jier waard bekend dat de Vries op 11 septimber as earste fries ea meidwaan sil oan in wedstriid yn de Formule 1.[2]. De Vries riid de Grutte Priis fan Itaalje foar it team fan Williams. Yn oktober 2022 waard bekend dat de Vries foar it seizoen Formule 1 yn 2023 tekene hie foar it team fan AlphaTauri.[3] Op 11 july 2023, makke AlphaTauri bekend dat Nyck de Vries fanwegen tsjinfallende resultaten ûntslein is, syn plak by it team waard ynnommen troch de Australyske koereur Daniel Ricciardo[4].

ûnderdielen en kampioenskippen bewurkje seksje

Formule 2 bewurkje seksje

  • jieren aktyf: 2017 - 2019
  • Teams: Rapax, Racing Engineering, Prema, ART
  • Oerwinningen: 8
  • Kampioenskippen: 1 (2019)
  • Poadia: 23
  • tal poles: 7

Formule E bewurkje seksje

  • jieren aktyf: 2019 - 2022
  • Teams: Mercedes
  • Oerwinningen: 6
  • Kampioenskippen: 1 (2021)
  • Poadia: 8
  • tal poles: 1

Endurance bewurkje seksje

Oersjoch Formule 1-karriêre bewurkje seksje

2022 2023 Totaal
Oantal races 1 1 (1 starts)
Oantal oerwinningen 0 0
Oantal pole-posysjes 0 0
Oantal fluchste omgongen 0 0
Oantal Poadiumplakken 0 0
WK-punten 2 2
Einstân WK

* Seizoen noch dwaande.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. McLaren liift karttalint De Vries yn, Ljouwerter Krante (sjoen op 21 jannewaris 2010)
  2. (ned) 10-9-2022 nos.nl De Vries maakt GP-debuut in Monza, vervangt zieke Albon
  3. 8-10-2022 Omrop Fryslân, Nyck de Vries twadde Nederlanner yn Formule 1: "Jongensdroom gaat in vervulling"
  4. Omrop Fryslân, 11-7-2023, 'Nyck de Vries fuortstjoerd by AlphaTauri'