Oarder fan Kanada

De Oarder fan Kanada (Ingelsk: Order of Canada; Frânsk: Ordre du Canada) is in Kanadeeske ridderoarder, wêrfan't it lidmaatskip de op ien nei heechste boargerlike ûnderskieding fan Kanada is (dy't lykwols ek oan militêren útrikt wurde kin). De iennichste hegere boargerlike ûnderskieding is de Oarder fan Fertsjinste, wêrfan't it lidmaatskip in persoanlike jefte is fan 'e Kanadeeske monarch. De Oarder fan Kanada waard yn 1967 ynsteld, tagelyk mei it hûndertjierrich bestean fan Kanada as lân. It lidmaatskip fan 'e oarder wurdt takend troch it regear fan Kanada, by wize fan erkenning fan in útsûnderlike maatskiplike bydrage, dy't ta elts willekeurich wurkmêd hearre kin.

Oarder fan Canada
Order of Canada / Ordre du Canada
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Kanadeesk
útrikt foar fertsjinste
útrikt troch regear fan Kanada
frekwinsje ûnregelmjittich
ynsteld 1967
offisjele webside
www.gg.ca/...

It biedwurd fan 'e Oarder fan Kanada is desiderantes meliorem patriam, wat Latyn is foar "hja begeare in better lân". Dy tekst ferwiist nei in passaazje út it bibelboek Brief oan de Hebreeërs 11:16. De Oarder fan Kanada omfiemet trije rangen, te witten: member ("lid"), officer ("ofsier") en companion ("selskipsman"), wêrby't member de leechste rang is en companion de heechste. Yn spesifike gefallen is it ek mooglik om immen in bûtengewoan lidmaatskip fan 'e oarder te jaan, wylst net-Kanadezen yn oanmerking komme kinne foar in honorêr lidmaatskip yn ien fan 'e rangen.

De Kanadeeske monarch, dy't ek de monarch fan it Feriene Keninkryk is, beklaait de posysje fan soeverein (of foarsitter) fan 'e Oarder fan Kanada. De gûverneur-generaal fan Kanada, dy't de plakferfanger fan 'e monarch yn Kanada is, ferfollet dyselde funksje ek yn it ramt fan 'e Oarder fan Kanada, as de kânselier en haadselskipsman (principal companion). Lju dy't yn 'e Oarder fan Kanada opnommen wurde, moatte dêrta oanret wurde troch in advyskommisje, wêrnei't se ynhuldige wurde by in formele seremoanje troch òf de gûverneur-generaal, òf de monarch sels. Yn oktober 2016 wiene der 6.699 minsken opnommen yn 'e Oarder fan Kanada, mei dêrûnder politisy, wittenskippers, muzikanten, akteurs, keunstners, sporters, sakelju, aktivisten en filantropen.

Ynsinjes bewurkje seksje

 
batons
companion officer member
 
 
 

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.