Oedmoersje (Russysk: Удму́ртия республика; Udmoertija respûblika; Oedmoertysk: Удмурт Элькун; Udmoert Elkûn) is in autonome republyk yn de Russyske Federaasje. Oedmoersje grinzget oan de autonome republiken Basjkortostan en Tatarije, de oblast Kirov en de kraj Perm. De grutste stêd fan de autonome republyk Izjevsk.

Autonome Republyk Oedmoersje

Удму́ртия республика (Russysk)
Удмурт Элькун (Oedmoertysk)

flagge wapen
polityk
soarte gebiet autonome republyk
lân Ruslân
federaal distrikt Wolga
ekonomyske regio Oeral
haadplak Izjevsk
grutste plak Izjevsk
taal Russysk, Oedmoertysk
Etnyske groepen Russen 62,2%%
Oedmoerten 28,0%
Tataren 1,68%, Tataren 6,7%
(Stân 2010)
sifers
ynwennertal 1.484.460 (2022)
oerflak 42.061 km²
befolkingstichtens 35,29 ynw./km²
oar
stifting 4 novimber 1920
tiidsône UTC+4, MSK+1
koördinaten 57° 17' N 52° 45' E
webside www.udmurt.ru

Geografy bewurkje seksje

Oedmoersje leit yn Europeeske diel fan Ruslân westlik fan de Oeral tusken de rivieren de Kama en de Vjatka. It klimaat is tuskenbeide kontinintaal. De taiga oerhearsket yn it lânskip.

Skiednis bewurkje seksje

Tsjin it ein fan de 16e iuw waard it noardlike diel fan Oedmoersje in ûnderdiel fan Ruslân, wylst it súdlike diel by it Kazan-kanaat hearde. Nei de oermastering fan Kazan troch Ivan de Grousume yn 1552 waard ek it súdlike diel ûnderdiel fan it Russyske keninkryk. Yn 1731 waard foar de bisdommen Kazan en Niznji Novgorod in kommisje oprjochte mei de súksesfolle opdracht de Oedmoerten te kristenjen.

Yn de jierren 1774-1775 namen de bewenners fan Prikamne, in gebiet dat grinzget oan de Kama, diel oan de boereoarloch ûnder lieding fan Jemeljan Pûgatsjov.

De twadde helte fan de 19e iuw betsjutte in gaueftige ûntwikkeling. Der waarden fabriken, skoallen en oare foarsjennings boud. Yn 1899 waard oer it gebiet ek it spoar fan Perm nei Kotlas oanlein.

Tusken de 18e en 20e iuw waarden de Oedmoertyske lannen troch it gûvernemint Vjatka bestjoerd. De 'Oedmoertyske Autonome Oblast' waard op 4 novimber 1920 oprjochte (ynearsten as 'Votjaakske Autonome Oblast', mar om't de Oedmoerten de namme 'Votjaken' as in skelname ûnderfûnen, waard de namme letter feroare). Op 28 desimber 1934 krige it gebiet de namme 'Autonome Sosjalistyske Sovjetrepublyk Oedmoersje'. Sûnt 11 oktober 1991 hjit it gebiet de 'Autonome Republyk Oedmoersje'.

Befolking bewurkje seksje

 
"De beppes út Boeranovo" (Boeranovskije Babûsjki); in sjonggroep dy't yn Oedmoertyske dracht Ruslân fertsjintwurdige yn Bakû op it Eurofyzjesongfestival, fan 2012. De beppes hellen it twadde plak

Russen foarmje de mearderheid fan de befolking. Oedmoerten binne in Finsk-Ugrysk folk en foarmje in minderheid. Oare minderheden yn Oedmoersje binne Tataren, Oekraïners en Mari. Dêrnjonken binne der ek Besermenen, dy't foar in hiel ein hinne assimilearre binne en ûnder Oedmoerten rekkene waarden, mar sûnt 2002 wer as in apart folk sjoen wurde.

De talen yn it offisjele ferkear binne Oedmoertysk en Russysk. Njonken oanhingers fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke binne der ûnder de Tataren en Besermenen ek moslims.

Untwikkeling fertsjintwurdiging grutste folken fan Oedmoersje 1926-2010 bewurkje seksje

Folk 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2010
Russysk 43,3% 55,7% 56,8% 57,1% 58,3% 58,9% 60,1% 62,2%
Oedmoertysk 52,3% 39,4% 35,9% 34,2% 32,1% 30,9% 29,3% 28,0%
Tataarsk 2,8% 3,3% 5,3% 6,1% 6,6% 6,9% 6,9% 6,7%

* Gegevens ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 3 augustus 2022

Bestjoerlike yndieling en stêden bewurkje seksje

De republyk telt 25 rajon's en fiif stedsdistrikten, dy't fanút de haadstêd Izjevsk bestjoerd wurde. Njonken Izjevsk binne de grutste stêden: Sarapûl, Votkinsk, Glazov en Mozjga. Meiïnoar binne der seis stêden en fiif plakken mei in stedsk karakter.

 
Izjevsk
 
Sarapûl oan de Kama
Gruttere plakken
Stêd */ Delsetting mei stedsk karakter Russysk Ynwennertal Wapen Lokaasje
Balezino Балезино 14.569 (2021)
gjin
57° 58' N 53° 00' E
Glazov* Глазов 91.921 (2021)   58° 08' N 52° 40' E
Igra Игра 20.264 (2021)
gjin
57° 33' N 53° 05' E
Izjevsk* Ижевск 645.183 (2022)   56° 51' N 53° 12' E}
Jar Яр 6.242 (2021)
gjin
58° 14' N 52° 06' E
Kambarka* Камбарка 10.048 (2021)   56° 16' N 54° 12' E
Mozjga* Можга 48.750 (2021)   56° 27' N 52° 13' E
Novy Новый 5.951 (2021)
gjin
56 48' N 54° 02' E
Sarapûl* Сарапул 94.554 (2021)   56° 28' N 53° 48' E
Uva Ува 19.934 (2021)
gjin
56 58' N 52° 10' E
Votkinsk* Воткинск 96.861 (2021)   57° 03' N 54° 00' E

* Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 3 augustus 2022

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Udmurtien


 
Dielgebieten fan Ruslân

 

Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne