In oerbefelhawwer of opperbefelhawwer is dyjinge dy't de heechste lieding hat oer alle striidkrêften, mei lânmacht, loftmacht en marine ynbegrepen. Yn guon lannen is de steatshaad de oerbefelhawwer, sa as bygelyks de presidint fan de Feriene Steaten, dy't it oerbefel oer de Amerikaanske striidkrêften hat. Yn Nederlân hat it regear it oerbefel en dy stelt in bepaald persoan oan as oerbefelhawwer, sa as dat barde foar de Twadde Wrâldkriich doe't generaal Winkelman it oerbefel oer alle Nederlânske striidkrêften krige. Ek kin immen it oerbefel hawwe oer ferskate striidkrêften dy't meiïnoar oplûke, sa as yn Operaasje Overlord dy't ûnder it oerbefel fan generaal Dwight D. Eisenhower stiene.
De oerbefelhawwer is dus in autoriteit mei de heechste kommando's en dy beskikke almeast oer in grutte stêf, dy't him dwaande hâldt mei it útfieren, mar ek mei it meitsjen fan belied.

Nederlân bewurkje seksje

 
It Keninklik Distinktyf, dat troch kening Willem-Alexander droegen wurdt wannear't er in militêr uniform draacht

Yn de Nederlânske Grûnwet stiet, yn artikel 97, dat it "regear it oerbefel oer de striidkrêften hawwe sil". Yn Artikel 42 stiet dat it regear út de monarch en de ministers bestiet en dat allinnich de ministers ferantwurdlik binne foar it hanneljen fan it regear. Yn Artikel 45 stiet fierder noch dat de ministers it grûnwurk lizze fan in kabinet, dat foarsitten wurdt troch de minister-presidint, mei de "autoriteit dy't it belied fan it regear bepaalt".

Foar in grûnwetswiziging yn 1983 stie der noch yn: "De Kening sil it oerbefel oer de striidkrêften hawwe". Dat betsjutte lykwols net dat er sels de lieding joech. It regear joech generaal Winkelman it oerbefel fan alle striidkrêften yn de Twadde Wrâldkriich.

De minister fan Definsje hat ynearsten de ferantwurdlikens foar it leger, dat offisjeel in ûnderdiel fan it Ministearje fan Definsje útmakket. De Kommandant fan de Striidkrêften is de offisier mei de heechste rang en tsjinnet as in tuskenpersoan tusken de minister fan Definsje en it leger en draacht dêrmei ferantwurdlikens foar de minister fan Definsje op it mêd fan militêr-strategysk plannen, operaasjes en it ynsetten fan it leger.

Dútslân bewurkje seksje

Bûnsrepublyk Dútslân (1956 oant hjoed-de-dei) bewurkje seksje

 
Nije rekruten foar de Bûnsdei, foar't se de eed fan de Bundeswehr ôflizze. Nei it beruchte weromtinken fan it Prusysk militarisme en Nazy-Dútslân yn de 20e iuw, leit Dútslân hjoed-de-dei de neidruk op it leger as in ûnderdiel fan de parlemintêre demokrasy.

Doe't West-Dútslân yn 1955 lid fan de NAFO waard, waard it lân fannijs militarisearre en waard de Grûnwet foar de Bûnsrepublyk Dútslân yn 1956 wizige oangeande konstitúsjonele bepalings foar de lieding fan de striidkrêften.

  • Yn fredestiid hat de Dútske minister fan Definsje (Bundesminister der Verteidigung) ûnder Artikel 65a it oerbefel (Inhaber der Befehls- und Kommandogewalt - IBuK) oer de Bundeswehr.
  • As de Bûnsdei in gefal fan ferdigening (Verteidigungsfall) ferklearret, kin de bûnskânselier ûnder Artikel 115b it oerbefel oer de striidkrêften oernimme.
  • De bûnspresidint hat dus alhiel gjin rôl yn it oerbefel fan de striidkrêften, alhoewol't er wol de seremoniële eare hat as steatshaad.

It pleatsen fan it oerbefel streekrjocht ûnder de ferantwurdlike minister is yn tsjinstelling ta de lange Dútske tradysje dat de steatshaad it oerbefel hie, sa as ûnder it Dútske Keizerryk en de Weimarrepublyk. Men fynt dat yn in parlemintêre demokrasy de kontrôle by de Bûnsdei lizze moat en troch it ûnder de ferantwurdlike minister te pleatsen, ynstee fan ûnder de Bûnskânselier, betsjut dat it leger as in ûnderdiel fan alle ferantwurdlikens fan it regear sjoen wurdt. Dat ta tsjinstelling fan eartiids doe't it leger in selsstannige ienheid fan it boargerlik bestjoer wie, en it dus as in steat yn in steat hannele. Sels yn de Weimarrepublyk waard war dien (it Ebert-Groener-pakt) en hâld it leger bûten politike kontrôle. Ek de ferkiezing fan Paul von Hindenburg as Rykspresidint yn 1925 mei syn kamarilla en Kurt von Schleicher diene der net folle oan dat te feroarjen.

East-Dútslân (1960-1990) bewurkje seksje

De fertsjintwurdiging fan de Dútske Demokratyske Republyk (DDR), de Folkskeamer, stelde op 13 febrewaris 1960 de "Wet foar it foarmjen fan de Nasjonale Definsjerie " op dy't in rie gearstalden dy't út in foarsitter en op syn minst 12 leden bestie. Dat waard yn april 1968 yn de Grûnwet fan de Dútske Demokratyske Republyk opnommen. De Nasonale Definsjerie hie it oerbefel oer de Nationale Volksarmee en de foarsitter fan de rie, ornaris de sekretaris-generaal fan de hearskjende Sosjalistyske Ienheidsparty fan Dútslân, waard as de oerbefelhawwer fan de DDR sjoen.

Op 3 oktober 1990 feriene de DDR him mei de Bûnsrepublyk Dútslân en de grûnwet en de striidkrêften fan de DDR waarden dêrmei opheft.

It Dútske Ryk (foar 1945) bewurkje seksje

 
Werner Blomberg (lofts) dy't Adolf Hitler groetet op de Rykspartijdei yn 1937 yn Neurenberch.

Yn it Keninkryk Prusen, it Dútske Keizerryk, de Weimarrepublyk en Nazy-Dútslân wie de steatshaad de oerbefelhawwer fan de striidkrêften. Dat wiene oant 1918 de kening fan Prusen, dy't nei 1871 de keizer fan Dútslân waard (ûnder de grûnwet fan respektivelik it keninkryk Prusen en it Dútske Keizerryk). Under de Weimarrepublyk, neffens de Weimargrûnwet, wie dat de Rykspresidint en fan 1934 oant 1945 wie de Führer de Oberbefehlshaber fan de striidkrêften.

Under de steatshaad hie eltse militêre ôfdieling (Teistreitskraft) syn eigen haad dy't streekrjocht ferantwurdlikens droech oan de steatshaad en dy't yn syn ôfdieling de heechste rang hie; yn it Ryksleger (Reichswehr) de Generalfeldmarschall en yn de Ryksmarine (Reichsmarine) de Großadmiral.

Nei't Rykskânselier Adolf Hitler nei it ferstjerren fan Rykspresidint Paul von Hindenburg, dy syn taak as Führer oernaam, stelde er yn 1935 syn kriichsminister Generalfeldmarschall Werner von Blomberg oan as oerbefelhawwer fan de Wehrmacht. Lykwols yn 1938 nei de Blomber-Fritsch-Affêre hefte er dy titel en de ministerspost op en naam sels it oerbefel oer de Wehrmacht oer. De ministerspost waard de facto troch de Oberkommando der Wehrmacht, dy't troch Generalfeldmarschall Wilhelm Keitel laat waard, oernommen oant de Dútske oerjefte yn 1945.

Feriene Steaten bewurkje seksje

Neffens Artikel II, Seksje 2 en Klausule I fan de Grûnwet fan de Feriene Steaten is de presidint de "oerbefelhawwer (Commander in chief) fan it leger en de marine fan de Feriene Steaten en fan de milysje fan ferskate steaten, wannear't se oproppen wurde foar tsjinst foar de Feriene Steaten". Sûnt de National Security Act fan 1947 wurde der alle Striidkrêften fan de Feriene Steaten mei bedoeld. De rangen fan de Amerikaanske striidkrêften hawwe harren oarsprong yn de Britske militêre tradysjes, mei de presidint dy't it oerbefel hat, mar gjin offisjele rang en dus syn boargerlike status hâldt. It is lykwols net alhiel wis hoefolle foech de presidint neffens de grûnwet presys hat. Guon kearen joech it Kongres de presidint wiidweidich foech, wylst oaren dat foech besochten te beheinen.

De steaten bewurkje seksje

Yn de steaten tsjinnet de gûveneur as oerbefelhawwer fan de Nasjonale Garde en de Steatsgarde.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch nei References op dizze side.