It Oezbeeksk (O‘zbek tili; syrillysk: Ўзбек тили) is mei sa likernôch 44 miljoen sprekkers de grutste Turkske taal fan Sintraal-Aazje. It is de offisjele taal fan Oezbekistan. Nei it Turksk is it Oezbeeksk de twadgrutste Turkske taal op ‘e wrâld.

Kaart mei taalgebiet. Ljochtblau = minderheidstaal, donkerblau = mearderheidstaal.

Klassifikaasje bewurkje seksje

It Oezbeeksk is in East-Turkske taal. It Oeigoersk is it naust besibbe oan it Oezbeeksk. Wat grûnwurdskat en grammatika oangiet is it Oezbeeksk noch hieltyd relatyf nau besibbe oan it Oeigoersk. Oare ynfloeden komme út it Perzysk, it Arabysk en it Russysk.

Taalgebiet bewurkje seksje

Oer de hiele wrâld prate sa’n 44 miljoen minsken Oezbeeksk as memmetaal. Yn Oezbekistan wenje 34,1 miljoen minsken en fierwei de measten prate Oezbeeksk. Yn it buorlân Tadzjikistan prate 873.000 Oezbeeksk, yn Kirgyzje binne dat 550.096, yn Kazachstan 332.017, yn Turkmenistan 317.000 en yn it buorlân Afganistan binne dat sa’n 4,5 miljoen minsken. Lytsere taalminderheden wenje yn Sina en Turkije.

Alfabet bewurkje seksje

Foar 1928 waard it Arabysk alfabet brûkt Oezbeeksk te skriuwen. Nei 1928 waard, yn neifolging fan oare Turkske talen, it Latynsk alfabet brûkt. Under it Russyske bewâld fan Jozef Stalin waard it Syrillysk alfabet ynfierd. It Syrillysk alfabet ferlear nei it útienfallen fan de Sowjetuny oan status. Yn it ûnderwiis en iepenbier bestjoer waard besocht it Latynsk alfabet fannijs yn te fieren. Yn 'e praktyk wurde it Syrillyske en Latynske alfabet noch in soad neist elkoar brûkt.

Yn 2021 beslute it Oezbeekske regear om yn 2023 folslein oer te gean op it Latynske alfabet. De ynfieringsdatum waard letter ferskood nei 2025.