Ofskieding fan 1834

De Ofskieding wie in ûntwikling yn tsjerklik Nederlân yn de 19e iuw, dy't risseltearre yn selsstannige grifformearre tsjerken bûten de Nederlânske Herfoarme Tsjerke.

Untstean fan de tsjerklike streamingen út de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke

Oan de Ofskieding is in soad foarôfgien. Net eltsenien wie it iens mei sa't yn de tsjerke gie. De Hegeskoalle fan Frjentsjer levere de dûmny's ôf. Doch as dy earne begûnen, krige de gemeente in preek te hearren wat eins in akademysk dispút wie. Boppedat woe in part fan de gemeente sneins wat oars hearre as wat de dûmny nei foaren brocht.

De Selskippen bewurkje seksje

Al om 1600 hinne fine wy oanwizings yn it klassisboek fan Boalsert dat er guon minsken sneins net mear yn de tsjerke kamen. Thús waard der dan in preek lêzen fan in dûmny dy't neffens harren de suvere lear ferkundigen.

Dizze selskippen, yn it tsjerklik taalgebrûk konvintikels bloeiden yn guon plakken. De Steaten moasten der oan te pas komme. Der waard besletten dat de selskippen net mear ûnder tsjerktiid gear komme mochten. Yn 'e praktyk begûnen de selskippen neist de tsjerke in eigen libben. Yn de synoadeferslaggen is soks nei te gean. Sa no en dan waard der wer klage oer dy konvintikels. Der waard om maatregels frege, mar de Steaten wienen net fan doel om der mear oan te dwaan.

It bleau net by preeklêzen. Guon selskippen nûgen soms sels in dûmny út om yn 'e wike in "oefening", wy soenen no sizze in "bibellêzing", te hâlden. Ek barde it dat ien fan de leden fan it selskip sels preke. Soms waard soks ek troch froulju dien. Boppedat wie der oefeners. Dit wienen helpprekers dy't in funksje hienen as siketreaster of kategisearmaster. Dizze waarden ek wol útnûge om foar te gean.

In oar gefal wie it dûmnysreizgjen. Stie der earne in dûmny dy't preke nei 'it hert fan Jeruzalim', dan kamen der út fiere omkriten wei minsken om dy dûmny te hearren.

Oarsaken fan de Ofskieding bewurkje seksje

Faak wurdt der sein dat de Ofskieding it gefolch west hat fan de frijsinnige preken yn de tsjerke. Dat hat meispile, mar der binne ek oare oarsaken oan te wizen.

De gesangekwestje bewurkje seksje

Yn 1806 waard neist de psalms in nije bondel De Evangelische gezangen ynfierd. De dûmny's moasten yn eltse tsjinst ien gesang út dizze bondel opjaan. Foar guon otterdoksen wienen de gesangen strjitfeskes. Dit wie foar harren dan ek in reden om mar thús te bliuwen. Se gienen dan mar as selskip of as dûmnysreiziger fierder.

Teloarstelling yn de kening bewurkje seksje

Guon hienen ferwachte dat kening Willem I de âlde tsjerke-oarder fan Doardt hanthavenje soe. Mar de kening kaam sels mei in nije tsjerke-oarder. De tsjerke waard út De Haach wei bestjoerd. Boppedat krigen de doarpen sels hieltyd minder ynfloed. It werkommen fan in Oranje hie net opsmiten wat der fan ferwachte wie.

It doarp waard fan bûtenút bestjoerd bewurkje seksje

De adel krige hieltyd minder ynfloed. De grûn gie yn oare hannen oer. Rike keaplju beleinen hieltyd faker yn grûn, dy't wearde hold. It doarp besliste sels net mear. De lânhearren seinen wat der barre moast. Dit hie ek ynfloed op it beroppen fan de dûmny's. As der in fakatuere wie, dan waard der ien oanwiisd. As hy al as net yn it doarp paste, spile faak net mei. Foar guon grutte boeren joech dat de trochslach om mei de Ofskieding mei te gean.

De emansipaasje bewurkje seksje

Foaral de gernieren, lytse boeren en de middenstanners fielden harren twadderangs. De tsjerkerie waard út de doarpselite keazen. Sy woenen ek wolris op it kessen sitte en folút meispylje. Yn de ôfskieden tsjerke krigen se dêr de kâns foar.

De Ofskieding kriget stal bewurkje seksje

As katalysator hat spile dat ds. Hendrik de Cock út Ulrum út de Herfoarme Tsjerke setten waard. Yn guon fermiddens yn Fryslân hie hy de namme dat hy in goede otterdokse dûmny wie. De Cock waard dan ek al gau nei Fryslân helle om dêr ôfskieden gemeenten te stiftsjen. Se neamden harren de Kristlik Ofskieden Gemeenten. De Cock hat yn desimber 1835 by de Waadkust lâns in tal gemeenten stifte, de earste wie dy fan Boerum. De measten hienen sa'n 25 - 30 leden. Dit groeide oan.

Simon van Velzen bewurkje seksje

Yn 1834 kaam ds. Simon van Velzen (Amsterdam, 1809- Kampen, 1896) út Droegeham yn konflikt mei de synoade. It bûtere al lang net mei de tsjerklike bestjoeren. Van Velzen gie út Herfoarme Tsjerke út reden fan de gesangekwestje en waard ôfskieden dûmny yn Ljouwert. Dit betsjutte dûmny foar hiel Fryslân. As rûnreizgjend dûmny hat Van Velzen syn bêst dien. Der waarden in protte ôfskieden gemeenten troch Van Velzen stifte.

Spitichgenôch hie Van Velzen syn persoanlikheid nei mei. Hy moast en soe syn gelyk hawwe. By in protte konflikten hie Van Velzen dan ek gjin skjinne hannen. Van Velzen hie gesach en je moasten út it goede hout snien wêze om wat tsjin Velzen yn te lizzen.

Letter is ta ferromming fan goedwollenden Van Velzen nei Amsterdam ta gien. Mar sels sei er dat er dûmny fan Ljouwert en Amsterdam wie. As foarsitter fan de Fryske synoade bleau Van Velzen sa de toan oanjaan.

Yn 1854 is Van Velzen professor wurden oan de Teologyske Hegeskoalle yn Kampen.

Gefolgen bewurkje seksje

De Ofskieding hat in protte teweibrocht. It wie it begjin fan in twaspjalt in guon doarpen. Wol hat de Ofskieding tsjinne as in emansipaasjebeweging yn rjochtsinnige rûnten. Wat opfalt is dat der kontakten west hawwe tusken it sosjalisme en de ôfskiedenen. Se preken dan foar deselde parochje.