De Oglala (Ingelsk: Oglala, útspr.: [oɡə'lala]; Lakota: Oglála, útspr.: [oɡ'la:la]) binne ien fan 'e sân substammen fan 'e Lakota of Titon (Teton). Yn 'e mande mei de Dakota foarmje de Lakota de gruttere etnyske groep fan 'e , in Yndiaanske konfederaasje dy't fan likernôch 1730 oant 1880 oardel iuw lang it noardlike part fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika behearske. De Sû binne ferneamd wurden om 'e oarloggen dy't se yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw mei it Amerikaanske leger útfochten, en de Oglala wiene dêr oan kop en earen ta yn behelle.

Ola Mildred Rexroat, in Oglala-piloate yn 'e Amerikaanske Women's Airforce Service Pilots (WASP), ûnder de Twadde Wrâldoarloch.

Etymology bewurkje seksje

De eigen namme fan 'e Oglala, Oglála, betsjut mooglik "Dy't Harsels Fersilje". Yn it Ingelsk wurdt de namme ek wol stavere as Ogallala of Ogalala, mei in lûd ynfoege tusken de "g" en de "l" om foar Ingelsktaligen de útspraak makliker te meitsjen, mar dy staveringswizen binne yn prinsipe fout, en wurde troch de Oglala ûnderfûn as ûnfatsoenlik. Mei de Brulee, in oare substamme fan 'e Lakota, binne de Oglala it naust besibbe, en tegearre wurde de beide substammen wol de Súdlike Lakota neamd.

Skiednis bewurkje seksje

Histoarysk wiene de Oglala ferdield yn trije haadtroepen, de Kiyuksa, de Oyuȟpe en de Wiere Oglala. Elts fan dy haadtroepen wie wer ûnderferdield yn lytsere troepen of klans, en dy klans wer yn famyljegroepen. Under de ferneamde Flakte-Yndiaanske Oarloggen fan 'e 1860-er en 1870-er jierren waarden de Oglala oanfierd troch Mâl Hynder, ien fan 'e bekendste Yndiaanske opperhaden út 'e skiednis fan Noard-Amearika. De Oglala spilen bygelyks de haadrol yn 'e legindaryske Slach oan de Little Bighorn, dêr't se, yn 'e mande mei oare Lakota-stammen, de Noardlike Sjajinnen en party Noardlike Arapaho it Amerikaanske 7de Kavaleryrezjimint fan generaal George Armstrong Custer fersloegen. Mei de Hûnkpapa, in oare substamme fan 'e Lakota, wiene hja de lêsten fan 'e Sû dy't harren ûnder it Amerikaanske bewâld yn 'e reservaten deljoegen.

Demografy bewurkje seksje

Hjoed de dei libje de Oglala frijwol allegearre yn 'e Feriene Steaten. Hoefolle fan harren oft der persiis binne, is yn prinsipe ûnbekend, mei't se sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw nea mear apart teld binne fan 'e oare Lakota. Lykwols stiet fêst dat de federaal erkende Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota (Oglala Sioux Tribe of the Pine Ridge Reservation of South Dakota), mei 47.000 leden, op in lyts groepke Brulee nei folslein út Oglala bestiet. In lyts espeltsje Oglala is fierders lid fan 'e Rosebud Sû Stamme (Rosebud Sioux Tribe), fan it Rosebud Yndianereservaat (Rosebud Indian Reservation) fan Súd-Dakota, mei 24.000 leden. Yn acht nommen dat net alle etnyske Lakota by ien fan 'e stamme-organisaasjes oansletten binne, soe men sadwaande in foarsichtige skatting meitsje kinne dat der tsjintwurdich krapoan 50.000 Oglala wêze moatte.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.


de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota