De ohm (symboal: Ω, de Grykske haadletter omega) is de ôflate SI-ienheid foar elektryske wjerstân. De ohm is neamd nei Georg Ohm, in Dútske natuerkundige.

Ferskate wjerstannen. De wjerstân yn ohms, is oanjûn mei in kleurekoade

Utdrukt yn SI-ienheden: 1 Ω = 1 kgm2A-2s-3. De ynverse is de siemens.

As in elektryske spanning fan 1 volt oanlein wurdt oer in geliedend foarwerp (in tried bygelyks) en der ûntstiet dêryn in stroom fan 1 ampêre, dan hat dat foarwerp in wjerstân fan 1 ohm.

Wjerstân = Spanning:Stroomsterkte, yn symboalen:

Opskriften bewurkje seksje

De yn de elektroanika brûkte wjerstannen hawwe meastentiids in kleurkoade dy't de wearde oanjout. By in opskrift (ek op skeakelskema's) wurdt meastal net Ω, kΩ of MΩ brûkt, mar R, K of M, wêrby't de letter op it plak fan de komma stiet. Ynstee fan 4,7 kΩ stiet der dus 4K7. Wjerstân yn de ienheid Ω, Stroomsterkte yn de ienheid

Sjoch ek bewurkje seksje