Oldersum is in doarp in de Dútske gemeente Moormerland yn East-Fryslân. It doarp leit oan de noardouwer fan de Iems, tusken Leer en Emden. It doarp is ûntstien op in wierde, yn Dútslân Warft neamd. Histoarysk lei Oldersum oan de grins fan de streek Krummhörn.

Oldersum
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Lier
Gemeente Moormerland
Sifers
Ynwennertal 1.565 (2007)
Oerflak 11,1 km²
Befolkingsticht. 141 / km²
Hichte 3 m

Oldersum en omkriten foarmen in eigen hearlikheid dy't behearske waard troch de haadlingefamylje dy't him nei it doarp fan Oldersum neamde. Binnen de hearlikheid hie it doarp de status fan flek. De hearlikheid waard yn 1631 ferkocht oan de stêd Emden, dy't it dêrmei foar it sizzen krige.

Oldersum waard ek ferneamd om it Oldersumer Kollokwium, dat de oanset joech ta de Reformaasje yn East-Fryslân.

Oldersum is ek de namme fan in eardere wierde by Ten Post yn Grinslân.

Keppelings om utens bewurkje seksje

 
Moormerland
 
Haadplak: Warsingsfehn
Doarpen: BoekzetelerfehnGandersumHatshausenJheringsfehnNeermoorOldersumRorichumTerborgTergastVeenhusen