Oldig Reemts Boekhoff (1861-1920) wie in Eastfrysk dûmny te Loga, dat no in stedsdiel fan Lier is. Yn 1915 sette er foar it earst it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel oer nei it Eastfrysk-Nederdútsk, ûnder de titel: Dat Näie Testament in dat ostfräske Plattdüts öferset't van O. Boekhoff. Yn 1924 is dêr noch in werprintinge fan útkommen. As dûmny te Loga is Boekhoff nei syn dea opfolge wurden fan Heinrich Reimers.

Oldig Boekhoff
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Dútsk
berne 7 febrewaris 1861
stoarn 22 oktober 1920
stjerplak Loga
etnisiteit Eastfrysk
wurkpaad
berop/amt predikant
aktyf as oersetter
reden
  bekendheid
sette as earste it Nije Testamint
   oer yn it Eastfryske Nederdútsk

Wurk bewurkje seksje

  • Dat Näie Testament in dat ostfräske Plattdüts öferset't van O. Boekhoff, Auwerk, 1915 (Dunkmann), sûnder ISBN.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Herlyn, Gerrit, Oldig Boekhoff zum Gedächtnis: Ein Pastor aus Loga übersetzte bis 1915 das Neue Testament als erster ins Plattdeutsche, yn: Ostfreesland, fol. 67 (1984), s. 99-101.