Olivier fan Keulen

Olivier fan Keulen, ek: Olifernus (Westfalen, ± 1170 - 27 juny 1224) gie begjin 13e iuw as kanunnik nei de dom yn Keulen. Paus Innosinsius III stjoerde him yn 1207 om in krústocht tsjin 'e Albiginzen te preekjen.

Yn juny 1214 (mooglik 1217?) preke hy yn Dokkum om Dokkumers mei de krijen op de Fiifde Krústocht (1218-1221). Dat die er op itselde plak dêr't Bonifatius deamakke wêze soe. Dêrby seagen guon Dokkumers in blau krús oan de himel.

Fan dizze tocht, dêr't yndie Dokkumers oan meidienen, is yn de kroniken fan Witewierrum in ferslach opnommen, dêr't de rol fan de Fryske dielnimmers dúdlik yn beskreaun wurdt. Dizze skiednis wurdt middels in heale moanne op it wapen fan Dokkum yn oantinken brocht. Op 4 augustus 1218 die de Hollânske skipsmacht ûnder lieding fan Olivier fan Keulen mei oan it belis fan de stêd Damiate oan de yngong fan de Nyl. Yn 1222 kaam hy werom yn Westfalen út Egypte en waard it jier dêrop ta biskop keazen. Letter waard hy yn Rome noch ta kardinaal beneamd.

Ek yn Surhuzum hat 'Olifernus' preke op it tsjerkhôf yn 1223 wêrby't wer in blau krús oan de himel ferskynd wêze soe. Fierders moat er noch 'Oer de Boarn' preke hawwe.

Doe't er yn 1224 of 1227? op reis nei de stêd Grins wie waard Olivier fermoarde.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Olivier.
  • Emo en Menko, oersetting Douma en Zuidema (Utert)