Onno Meijer (It Hearrenfean, 23 july 1960Wytgaard, 27 septimber 2008) wie in Nederlânsk akteur en keunstrider. As "paradysfûgel fan Fryslân" spile hy in wichtige rol yn de striid foar akseptaasje fan homo's yn Noard-Nederlân.

Libbensrin bewurkje seksje

Nei in oplieding ta sosjaal-pedagooch folge te hawwen, beslút Meijer syn heil yn in oare sektor te sykjen. Hy trochrint de toanielskoalle yn Kampen en makket syn poadium-debút by toanielgroep Start út Snits. Dêr spilet er de haadrol yn Van harte gefeliciteerd pa (1985) en de rol fan muze Melpomene yn Liefdesspel (1987).

Tusken 1995 en 1998 docht Meijer in rezjy-oplieding oan de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert. Hy docht de rezjy by De koning sterft (1995), Antigone (1996), Minskenrag (1997) en Wa is bang foar Virginia Woolf? (1998), spile yn it Frysk.

Trochbrek bewurkje seksje

Yn 1998 docht Meijer mei oan de Gay Games yn de dissipline keunstriden op redens. Hy wint der in medalje mei en wurdt it middelpunt fan in mediahype. Yn in emoasjoneel tv-ynterview mei de Amsterdamske stjoerder AT5 fertelt Onno dat hy HIV-besmetten is. Regisseur Pieter Kramer sjocht op dat stuit telefyzje en sjocht yn Meijer de perfekte besetting foar ien fan de karakters yn de telefyzjerige Hertenkamp, in tige populêre tv-rige fan de VPRO. Fan 1999 ôf is Meijer te sjen as Klaus yn it twadde seizoen fan de show en ûntvangt yn 2000 mei de heule crew in Gouden Keal (filmpriis) foar de rige.

Yn 2003 is Meijer yn Messen in hennen fan David Harrower yn de rol van Müller te sjen. Yn itselde jier spilet hy de rol fan Jim yn Edwin Brienen’s Lebenspornografie, neist û.m. Esther Eva Verkaaik, Tom de Ket en Marjol Flore. De film fiert premiêre yn 2005. Dêrnei wurdt it stil om Meijer. Yn septimber 2008 komt it berjocht dat hy hommels oan in hertynfarkt ferstoarn is.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: