Operaasje Pegasus

Operaasje Pegasus wie in militêre operaasje by Renkum yn 'e Nederlânske provinsje Gelderlân yn oktober en novimber 1944, mei as doel militêren nei de slach om Arnhim út beset gebiet wei fia de Nederryn te evakuearjen nei allieard gebiet.

Pegasus I en Pegasus II

Eftergrûn bewurkje seksje

Nei it ferlies by Arnhim moast de Britske 1ste Loftlâningsdivyzje tûzenen militêren benoarden de Ryn efterlitte. Inkelden koenen harren foar de Dútsers ferstopje, en oaren slaggen deryn fuort te kommen nei't se pakt wienen. In protte fan dizze militêren waarden opfongen en ferburgen troch it lokale ferset fan 'e Feluwe.

Doe't dúdlik waard dat it Britske twadde leger net gau opkomme soe, waard in plan makke om it flinke tal ferburgen militêren te evakuearjen oer de Ryn. Luitenant-kolonel David Doby, kommandant fan it earste parasjutistebataljon, swom ferskate kearen de Ryn oer om de aktiviteiten oan te stjoeren.

Ferrin bewurkje seksje

Operaasje Pegasus 1 yn 'e nacht fan 22 op 23 oktober 1944 slagge, doe't mear as 100 minsken evakuearre waarden. In flinke groep Amerikaanske militêren waard nei de noardkant fan 'e rivier stjoerd om de evakuaasje te befeiligjen.

Operaasje Pegasus 2 rûn út op in mislearring mei aardich wat ferliezen oan de kant fan de alliearden.