It oranjetipke (Anthocharis cardamines) is in soarte yn de famylje fan de wytflinters (Pieridae).

oranjetipke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje wytflinters (Pieridae)
skaai oranjetipkes (Anthocharis)
soarte
Anthocharis cardamines
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

Foarkommen bewurkje seksje

It oranjetipke kin troch hiel Nederlân hinne fûn wurde. Mar yn it westen en op de Feluwe wurdt er minder faak sjoen. De flinter hâldt net fan hiele drûge gebieten. Se hâlde fan fochtige greiden en rûchten. De flinter bliuwt frij stabyl, hy hat him allinnich útwreide yn 'e dunen en op de Waadeilannen.

Op de reade list stiet de flinter as net bedrige.

Fljochtiid bewurkje seksje

De flinter fleant fanôf heal april oant ein july. Foaral tusken 1 en 20 maaie. Fleant altyd yn 1 generaasje.

Flinter bewurkje seksje

De wjuklingte is likernôch 20 mm. De ûnderkanten fan de efterwjukken binne gielgrien. De wyfkes hawwe gjin oranje kleure foarwjuktip.

Rûp bewurkje seksje

It liif fan de rûp is ljocht blau-eftich grien. De ûnderkant fan de rûp is donkergrien. Foaral de jonge rûp hat lytse swarte stipkes oer it liif. De jonge rûp fret earst de blommen en giet letter oer op de fruchten. De rûp groeit allinnich yn de foarsimmer. De flinter oerwintert as pop. De pop hinget faak oan in stâle fan in plant.

De rûp fret fan de pinksterblom en sipelkrûd.

 
In rûp
 
In pop

Sjoch ek bewurkje seksje