In orbak is in fiktyf bist út 'e Star Wars-franchise, dat yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019), it ôfslutende diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy. Orbaks binne grutte, fjouwerfuottige sûchdieren mei in skofthichte fan likernôch 1.80 m, dy't op ferskate planeten as ryddier brûkt wurde. Se hawwe stevige hoeven dy't gaadlik binne om oer ûnigaal terrein te draven, en lange slachtosken dy't se brûke om 'e planten dy't se frette mei woartel en al út 'e grûn te dobjen.

In orbak.

It is ûndúdlik hokker planeet orbaks oarspronklik wei komme, mei't domestisearre eksimplaren op withoefolle wrâlden yntrodusearre binne en op in protte dêrfan ek wer ferwyldere rekke binne. Yn The Rise of Skywalker wurde orbaks brûkt as ryddieren troch Kompanjy 77, in desertearre ienheid stoarmtroepers fan 'e faksistoïde Earste Oarder, dy't strâne rekke binne op Kef Bir, in moanne yn it planetestelsel Endor.

Under lieding fan ien fan harren, Jannah, jouwe se har by it Ferset en nimme se diel oan 'e klimaktyske slach by Exegol, tsjin 'e float fan stjerreslachskippen dy't troch de Ivige Sith boud binne yn opdracht fan 'e boasaardige, út 'e dea opstiene keizer Palpatine. Dêrby interet Kompanjy 77 mei fersetsman Finn, ridend op orbaks, it flaggeskip fan 'e fijannige float, dat ûnder befel stiet fan generaal Enric Pryde.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa