De Ouse is in rivier yn it Ingelske greefskip Noard-Yorkshire. De rivier komt út de Ure yn Cuddy Shaw Reach by Linton-on-Ouse op likernôch 6 myl streamôf fan de gearrin fan de Swale en de Ure. Dêrnei rint de rivier troch York en troch Selby en Goole en rint dan gear mei de Trent yn Trent Falls, ûnder it doarpke Faxfleet, en foarmet sadwaande it estuarium fan de Humber.

it ôfwetteringsgebiet fan de Ouse

De Ouse is sa'n 84 km lang, tegearre mei de Ure sa'n 208 km.

It wurd 'ouse' is in hiel gewoane namme foar rivieren yn Ingelân; it komt fan it Keltyske wurd usa, dat 'wetter' bestjut.