Owen Gleiberman (Lausanne, 24 febrewaris 1959) is in Amerikaansk filmkritikus en publisist. Hy is de haadfilmkritikus fan it foaroansteande tydskrift Variety.

Owen Gleiberman
persoanlike bysûnderheden
echte namme Owen Gleiberman
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 24 febrewaris 1959
berteplak Lausanne (Switserlân)
etnisiteit Joadsk
wurkpaad
berop/amt filmkritikus, publisist
jierren aktyf 1981 – no
offisjele webside
Owen Gleiberman op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Gleiberman, dy't fan etnysk Joadske komôf is, waard yn 1959 yn it Switserske Lausanne berne út Amerikaanske âlden. Hy waard grutbrocht yn Ann Arbor, yn 'e Amerikaanske steat Michigan. Hy studearre oan 'e Universiteit fan Michigan.

Karriêre bewurkje seksje

Gleiberman begûn syn sjoernalistike karriêre yn 1981 as filmkritikus foar de krante The Phoenix, dy't útkomt yn trije edysjes yn Portland (Maine), Providence (Rhode Island) en Boston (Massachusetts). Dêr bleau er oant 1989. Dêrnjonken publisearre er yn dy tiid ek yn tydskriften as Premiere en Film Comment. Yn 1990 gied er oan it wurk foar it blêd Entertainment Weekly.

Gleiberman joech guon fan sammele resinsjes út yn in bondel mei as titel Love and Hisses ("Leafde en Ssst", in wurdboarterij, mei ferwizing nei de stilte dy't yn 'e bioskoop betracht wurde moat, op Love and Kisses, "Leafde en Tuten").

Nei't er yn 2014 by Entertainment Weekly opholden wie, waard Gleiberman yn maaie 2016 by it foaroansteande tydskrift Variety oansteld as haadfilmkritikus, in funksje dy't er dielde mei Peter Debruge. Ek bekritisearret er films op 'e radiostjoerders NPR en NY1. Hy is in lid fan 'e New York Film Critics Circle (NYFCC). Yn 2009 publisearre er ûnder de titel Movie Freak syn autobiografy, dy't útkaam by Hachette Books.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.