Padang (Yndonezysk: "fjid" of "flakte") is in stedsgemeente (kota otonom, earder kotamadya) yn West-Sumatra (Sumatra Barat) op it eilân Sumatra, Yndoneezje.

Padang
Lizzing Sumatera Barat Kota Padang
Lizzing Sumatera Barat Kota Padang
Polityk
Lân Yndoneezje
Provinsje West-Sumatra
Boargemaster Fauzi Bahar
Sifers
Ynwennertal ± 1.024.906 (2014)
Oerflak 695 km²
Befolkingsticht. 1500 / km²
Hichte 0-1.853 m
Oar
Stifting 7 augustus 1669
Tiidsône UTC+7
Simmertiid UTC+8
Offisjele webside
Offisjeel webstee
Mûning fan de Auro yn Padang
Universiteit fan Padang

Skiednis bewurkje seksje

 
Padang om 1795
 
Padang, 1859

Sûnt de 16e iuw hat Padang in hannelsintrum west. Yn de 16e en 17e iuw waard piper boud dat keaplju út Yndia, Portugal, it Feriene Keninkryk en Nederlân oanluts. Yn 1663 kaam de stêd ûnder Nederlânsk bestjoer. De Nederlanners stichten dêr in hannelspost yn 1680. De stêd stie twaris ûnder Britsk bewâld, de earste kear fan 1781 oant 1784 ûnder de Fjirde Nederlânsk-Ingelske Oarloch en nochris fan 1795 oant 1819 yn de Napoleontyske Oarloggen. Dêrnei kaam de stêd wer oan Nederlân. Oant likernôch 1780 wie Padangs wichtichste hannelsprodukt goud, dat út de goudminen yn de regio helle waard. Doe't it goud op wie, kaam de klam op oare produkten te lizzen, fral kofje, sâlt en tekstyl.

Yn 1797 strûpte Padang ûnder wetter troch in tsûnamy dy't it gefolch wie fan in ierdskodding foar de kust dy't rûsd waard op in sterkte fan 8.5–8.7 op de skaal fan Richter. Dêr ûntstie in protte skea, mar it deadetal bliuw leech. Yn 1833 sette in oare tsûnamy de stêd ûnder wetter. De ierdskodding anneks waard rûsd op in sterkte fan 8.6–8.9 op de skaal fan Richter. De skea oan huzen en boaten yn de rivier de Auro wie grut.

Yn 1926 waard Padang in stedsgemeente mei it rjocht in boargemaster te beneamen. De earste boargemaster waard febrewaris 1928 beneamd, Mr. W.M. Ouwerkerk, dy't oant yn 1941 dat amt ferfolde. Syn opfolger wie de eardere boargemaster fan Manado D. Kapteijn dy't yn maart 1942 de stêd oerjaan moast oan de Japanners.

Yn de tiid fan de Yndonezyske ûnôfhinklikensstriid yn de jierren 40 hie de stêd sa'n 50.000 ynwenners. Kofjetylt wie doe noch wichtich, mar kopra út it efterlân fan Padang wie ek wichtich foar de lokale ekonomy. De befolkingsgroei sûnt dy tiid hat fral it gefolch west fan migraasje nei de grutte stêden sa't dat oeral yn de wrâld yn benammen ûntwikkelingslannen barde. Yn 1950 waard út ein set mei de eksploitaasje fan it Ombilin-stienkoalfjild dêr't Padang de útfierhaven fan waard.

Op 30 septimber 2009 waard Padang rekke troch in ierdskodding mei it episintrum 50 km út de kust. Der foelen goed 1100 deaden yn de omkriten dêr't 313 fan ynwenners fan Padang wiene..[1]

Demografy bewurkje seksje

Befolking bewurkje seksje

Padang hie sa'n 757.600 ynwenners yn 2000 en 1.024.906 yn 2014. De mearderheid is Minangkabau (yn 't koart ek wol "Minang" neamd), mar der is ek in etnysk Sineeske minderheid, dy't fral yn it suden fan Padang wennet, yn Kampung Cina (Minangkabausk: Kampuang Cino, Chinatown).

Religy bewurkje seksje

De Minangkabau binne foar it grutste part moslim, de Sineeske minderheid is fral kristlik (protestantsk).

Bestjoer bewurkje seksje

De gemeente Padang hat alve ûnderdistrikten (kecamatan):

Ekonomy bewurkje seksje

Padang leit oan de kust fan West-Sumatra en de Padangske haven is de grutste fan de Sumatraanske westkust. Hjoed de dei wurdt der yn de haven fral yn semint, kaniel, stienkoal, kofje, nútmuskaat, tripleks, rotan, rubber en tee hannele. Krekt bûten de stêd steane in semint- en in tripleksfabryk.

Ferfier bewurkje seksje

Padang hat sûnt july 2005 in nije lofthaven mei de namme Minangkabau International Airport.

 
Stedssilhûet Padang op 28 juny 2013

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Moeizame zoektocht naar overlevenden op Sumatra, NU.nl, 2 oktober 2009
  • Mear boarnen binne te finen by it artikel Padang yn de Ingelsktalige Wikipedy