Palliative soarch

    Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!

Palliative soarch is soarch dy't te krijen hat mei palliaty, dat wol sizze it fersêftsjen of ferromming jaan fan lijen (sa as benaudens en pine, mar ek geastlik lijen). It wurdt meastentiids brûkt as ymplisyt kontrast mei kurative soarch, wat medysk en fersoargjend hanneljen ynhâldt mei as doel om genêzing te berikken. Palliative soarch komt yn byld as genêzing net langer (mear) mooglik is, bygelyks by stjerrensbegelieding.

Ynfúspomp-kassette mei midazolam en morfine, ornearre foar de palliative sedaasje fan in terminale kankerpatiënt.

Binnen de stjerensbegelieding is tsjntwurdich in soad omtinken foar palliative soarch. By minsken dy't ûngenêslik siik binne en yn in fierhinne stadium fan harrn sykte, besiket de palliative soarch in kontinue en totale soarch te berikken dy't it lijen safolle mooglik beheind en efrsêftet. Der binne ynstellingen dy't soksoarte soarch op profesjonele grûnslach oanbiede, mar ek wurdt faak gebrûk makke fan frijwilligers en famyljeleden.

De soarch bestiet út:

  • de lichaamlike (fysike) fersoarging. Hjir leit it aksint op it befoarderjen fan it komfort. Echte medyske "behanneling" wurdt stopsetten, mei útsûndering fan pinebestriding en oare komfort-ferheegjende maatregels. Ien fan de aspekten fan dizze foarm van palliative soarch is palliative sedaasje.
  • psychologyske soarch. In oanbod (gjin ferplichting) in it helpen akseptearjen.
  • omjouwingssoarch of sosjale aspekten. Ek foar de famylje (faaks de partner) wurdt tiid makke om it akseoptearrings- en rouwproses te ferwurkjen. Ek de materiële aspekten komme hjir oan bod (sykteferzekering, tydlike tuskenkomst yn ferbliuwskosten fan famyljeleden yn of tichtby it sokehûs, ensafuorthinne)
  • eksistinsjele soarch allinnich op fersyk fan de pasjint: leauwige of morele tsjutting jaan foar eksistinsjele fragen.

Hoewol't palliative soarch no erkend en subsidiearre wurdt (mits medyske ferantwurding), bart in soad fan de helpferliening ek op frijwillige basis. Foarmen fan palliative soarch kinne yn it sikehûs mar erk thús oanfrege wurde.

Palliatyf komt fan it Latynske wurd Pallium, dit betsjut mantel. Yn de palliative soarch wol men soarch dy't as in mantel om de sike wurket. Itt herinnert oan de died fan Martinus fan Tours (Sint Maarten) dy't syn mantel dielde mei inneakene bidler.

WHO-definitie bewurkje seksje

De Wrâldsûnenorganisaasje (World Health Organization, WHO) hat yn 2002 as definysje fêsttsteld: Palliative soarch is in benadering dy't de kwaliteit fan it libben ferbettert fan pasjinten en harren neisten dy't te krijen hawwe mei in libbenbedriigjende oandwaning, troch it foarkómmen en ferlichtsjen fan lijen, middels iertidige sinjalearring en soarchfâldige beoardieling en behanneling fan pine en oare problemen fan lichaamlike, psychososjale en spirituele aard.

Skiednis bewurkje seksje

Yn 1879 waard yn Dublin "Our Lady's hospice for the dying" stichte. Yn 1967, oprjochting yn Londen fan it "St. Christopher's Hospice" troch Dame Cicely Saunders.

In Nederlân waard yn 1991 it Johannes Hospice yn Vleuten oprjochte.

Sûnt 2005 wurdt jierliks yn oktober de Ynternasjonale Dei fan de Palliative Soarch organisearre.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: